Elske Schotanus | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Elske Hindriks | |
echte namme | Elske Schotanus | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 septimber 1957 | |
berteplak | Terbant (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | lit. romans ferhalen | |
bekendste wurk(en) | In kop as in almenak (2013) | |
útjouwer | Afûk | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
elskeschotanus.nl |
Elske Schotanus (Terbant, 1957) is skriuwster en tekeneres. Elske Schotanus hat in tal jierren psychology studearre yn Grins. Se hat dêrnei meiwurkster meisizzenskip yn de geastlike sûnenssoarch west.
Fan oktober 2001 oant en mei 2002 wie Elske Schotanus redaksjelid fan Kistwurk, dêrnei oant septimber 2003 fan Farsk. Se wie redaksjelid fan Go-gol en skriuwt hjoed de dei ûnder oare resinsjes foar it kultureel/literêr tydskrift De Moanne.
Proaza
Yn 2002 waard Schotanus de Rely Jorritsmapriis takend foar it ferhaal De poppe, mar sy hat dy priis wegere.
Yn 2004 ferskynde de ferhalebondel It griisstiennen wurd, de bondel waard nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2005.
Yn 2007 is har earste roman Skrik ferskynd, in ferhaal oer in psychiatryske pasjinte dy't nei in psychoaze yn in oprjochting opnommen wurdt.
Yn 2013 ferskynde by de Afûk In kop as in almenak, ûnder de skûlnamme Elske Hindriks.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |