Elmar Kuiper (Snits, 23 febrewaris 1969) is in Fryske dichter, skilder, fideofilmer en performer.
Libben
Berne yn Snits, letter ferhuze nei it Marsumer Aldlân. Elmar is in soan fan skriuwster Akky van der Veer en fotograaf Henk Kuiper († 2005). Neidat hy earst in jier of wat as psychiatrysk ferpleechkundige wurke hie, studearre hy yn 1998 ôf oan de Keunstakademy Minerva yn Grins. Fan byldzjend keunstner waard er wurdkeunstner, yn syn wurken kamen geandewei mear teksten. Op it lêst waarden de teksten keunstwurken op harsels.
Dichter
Syn earste fersen ferskynden yn 2001 yn Hjir en it ynternettydskrift Kistwurk. De bondel Hertbyt ferskynde yn 2004. De bundel is yn 2005 nominearre foar de Fedde Schurerpriis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde priis foar debutanten. Syn twadde bundel wie de twatalige blomlêzing Roep de Rottweiler op! / Rop de Rottweiler op! (2006). Yn de bundel stean in oantal troch Jabik Veenbaas útsochte en troch him yn it Nederlânsk oersetten gedichten fan Kuiper. Syn twadde Fryske bundel, Ut namme van mysels, ferskynde ein 2006. De gedichten yn dy bundel binne persoanliker en minder abstrakt as dy yn Hertbyt. Kuiper dichtet oer universele begrippen as leafde, dea, fertriet en rouferwurking.
Yn jannewaris 2007 publisearre it ynternasjonale literêre tydskrift Poetry Wales trije troch Susan Massotty yn it Ingelsk oerssetten gedichten fan Elmar Kuiper.
Keunstner
Mei byldzjend keunstner Wouter Jansen rjochte er yn 1999 it keunstnersselskip De Swiete Hoannen op, inkele moannen dêrnei slute komponist en filmmakker Marc R. Kooij him dêrby oan. Oant de opheffing yn 2004 fersoarge it kollektyf, yn wikselende gearstalling, optredens dy't opfoelen troch absurdistyske teksten, ynteraktive ymprovisaasjes en rituelen, faak ynspirearre troch aktuele foarfallen mei teksten fan Kuiper en Kooij.
film
IF kollektyf late ta de oprjochting fan Wyld Hynder Films, mei Marc Kooij en Elmar Kuiper as meast aktive leden. Se makken koarte films oer minsken dy't har net thús fielden yn de hjoeddeiske maatskippij. De filmers ferwurken autobiografysk materiaal yn de films. Yn 2002 produsearren se de spylfilm Steunpunt Levende Doden, dy't opnomd is yn Ljouwert, Grins en Berlyn; yn de film wurdt de wrâld besjoen troch de eagen fan in kwetsber sjeny. Dêrnei folge de film Dream yn blauwe reinjas. Hjiryn drage 23 Fryske dichters in fers fan harsels foar. Dizze fersen binne opnomd yn de troch Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde bundel Dream yn blauwe reinjas. De bundel jout in oersjoch fan datjinge dat jonge Fryske dichters tusken 1990 - 2000 skreaun hawwe.
Yn 2006 makken se de poëtyske film: Mei pionierslearzens tekenje ik Ljouwert op ‘e nij, oer stedsdichter Arjan Hut. De film ferskynde yn jannewaris 2007 by de bundel 0506 fan Hut.
Wurk
Gedichten
- Hertbyt (2004)
- Roep de Rottweiler op! / Rop de Rottweiler op! (twatalich, 2006)
- Ut namme fan mysels (2007)
- Granytglimkes (2011)
- Stienkeal (2018)
- Wite mûle, swarte molke (2020)
Toaniel
- De fûgels fan fantasia (toanielstik yn trije bedriuwen) (2010)
Prizen
- 2003 - Rely Jorritsmapriis – In mankelike man seit himsels in frije fûgel ta (gedicht)
- 2005 - Rely Jorritsmapriis – Ut namme fan mysels (gedicht)
- 2006 - Rely Jorritsmapriis – Goedmeitsje (gedicht)
- 2008 - Rely Jorritsmapriis - Dach (ferhaal)
- 2020 - Rely Jorritsmapriis - Ni Hao (ferhaal)
- 2021 - Rely Jorritsmapriid - In frjemde fûgel (ferhaal) en Ferlosboartsje (gedicht)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |