Ella Ballentine
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeElla Hope Ballentine
nasjonaliteit Kanadeesk
berne18 july 2001
berteplakToronto (Ontario)
etnisiteit Skotsk
jierren aktyf2011 – no
prizenCanadian Screen Award 2018
offisjele webside
www.ellaballentine.com

Ella Ballentine (folút: Ella Hope Ballentine; Toronto, 18 july 2001) is in Kanadeesk tillefyzje-, film-, toaniel- en musicalaktrise. Hja waard it bekendst mei har rol as Anne Shirley yn in trijetal tillefyzjefilms dy't basearre wiene op it ferneamde berneboek Anne of Green Gables, te begjinnen mei L.M. Montgomery's Anne of Green Gables, út 2016.

Libben en karriêre

Ballentine waard yn 2001 berne yn Toronto. Se is fan etnysk Skotsk komôf. Se sette yn 2011 mei har aktearkarriêre útein, mei in rol yn 'e opfiering yn Toronto fan it toanielstik The Railway Children. It stik waard regissearre troch Damian Cruden en op 'e planken brocht yn it Roundhouse Park. De doe tsienjierrige Ballentine spile de rol fan Francis Perks, it jongste bern. Yn 2012 spile se de rol fan Felicia yn it toanielstik Numbers, dat op it Toronto Fringe Festival opfierd waard. Ek hie se yn 2013 de rol fan 'e lytse Cosette en de jonge Eponine yn in produksje fan 'e musical Les Misérables. Mei de rest fan 'e cast waard se dêrfoar nominearre foar in Dora Mavor Moore Award foar bêste aktear-'ensemble'.

Op it wite doek wie Ballentine foar it earst te sjen yn 2011, as figurante yn 'e film Words. Yn 2012 spile se Anouk yn 'e bernefilm The Intergalactic Space Adventures of Cleo and Anouk. Ek yn 2012 makke se har debút op 'e tillefyzje mei in haadrol yn 'e tillefyzjefilm Baby's First Christmas. Ballentine fertolke yn 2013 de rol fan Kate yn 'e tillefyzjefilm Clara's Deadly Secret. Yn 2014 spile se yn The Captive, in film fan regisseur Atom Egoyan dy't dat jiers útkeazen waard foar de offisjele seleksje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Foar de film The Calling, ek út 2014, wurke Ballentine gear mei Hollywoodstjer Susan Sarandon.

Har rol as Bird, yn 'e film Standoff, mei Laurence Fishburne en Thomas Jane, wie yn 2015 Ballentine har earste haadrol yn in spylfilm. It jiers dêrop spile se ek in haadrol as Emma Croft yn 'e famyljefilm Against the Wild 2: Survive the Serengeti. Dy film soe oarspronklik direkt op fideo útbrocht wurde, mar draaide úteinlik yn 'e Feriene Steaten dochs yn 'e bioskopen. Yn 2016 kaam ek de horrorfilm The Monster út, wêryn't Ballentine de rol fan Lizzy spile. Op 'e tillefyzje wie se ûnderwilens te sjen yn in fêste rol yn 'e searje Time Tremors en yn gastrollen yn Reign en Saving Hope.

Ynternasjonale bekendheid krige Ballentine yn 2016 mei de titelrol yn 'e tillefyzjefilm L.M. Montgomery's Anne of Green Gables, dy't basearre wie op it earste part fan it ferneamde berneboek Anne of Green Gables fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). Se wurke foar dy rol gear mei regisseur John Kent Harrison en hie as wichtichste tsjinspilers Sara Botsford en Martin Sheen. Yn 2017 kamen twa ferfolchfilms út, L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars en L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew, wêrmei't de ferfilming fan it boek kompleet makke waard. Foar Fire & Dew ûntfong Ballentine de Canadian Screen Award foar bêste aktearprestaasje yn in berne- of jeugdprogramma of -searje.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2011Wordsfigurant
2012The Intergalactic Space Adventures of Cleo and AnoukAnouk
2013Lunchbox LoserMissy
2014The CaptiveJennifer
2014The CallingRose Batten
2015StandoffBird
2016Against the Wild 2: Survive the SerengetiEmma Croft
2016The MonsterLizzyek bekend as There Are Monsters
2016Milton's SecretAnna
2019Black ConfluxJackie
tillefyzje
2012Baby's First ChristmasKaren Pendrelltillefyzjefilm
2013Clara's Deadly SecretKatetillefyzjefilm
2013Time TremorsMedie Renoseizoen 1, ôflevering 1-7
2014ReignVoland Girlôflevering The Plague
2014Saving HopeRachel Stewartôflevering The Other Side of Midnight
2016L.M. Montgomery's Anne of Green GablesAnne Shirleytillefyzjefilm
2017L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good StarsAnne Shirleytillefyzjefilm
2017L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & DewAnne Shirleytillefyzjefilm
2018The DetailAnnabelleôflevering It Takes a Village
fideospultsjes
2013Time TremorsMedie Reno

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.