Elizabeth Huber-De Hertoghe | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elizabeth de Hertoghe | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 oktober 1666 | |
berteplak | De Haach (Hollân) | |
stoarn | 12 augustus 1751 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid | troud mei Harmannus Huber mem fan Agnes Alida Huber |
Elizabeth Huber-De Hertoghe (berne as: Elizabeth de Hertoghe; De Haach, 17 oktober 1666 – Ljouwert, 12 augustus 1751), wie de frou fan Harmannus Huber, de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân en boargemaster fan Snits. Hja troude mei him op 29 desimber 1695 te Marsum, wêrby't oantekene waard dat se ôfkomstich wie út Ljouwert, dat mooglik is hja dêr opgroeid. Har heit wie Abraham Michiels de Hertoghe (1620-1681) en har mem wie Maria Margareth Rumph (1624-1699), de dochter fan Kristiaan baron Rumph (1580-1645).
Mei har man Harmannus wenne Elizabeth Huber-De Hertoghe jierrenlang op it bûten Skatzenburch, yn Dronryp. Se krige mei him sân bern, trije soannen en fjouwer dochters:
- Ulricus Huber (1689-<1700)
- Maria Agnes Huber (1699-1756)
- Ulricus Joan Huber (1700-1727)
- Abraham Christiaan Huber (1701-1776)
- Agnes Alida Huber (1702-1774)
- Judith Anna Huber (1703-1748)
- Elizabeth Sofrida Huber (1706-1723)
Elizabeth Huber-De Hertoghe ferstoar yn 1751, yn 'e âldens fan 84 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |