De Elizabetaanske Tiid is in tiidrek út 'e skiednis fan Ingelân dat rûchwei de twadde helte fan 'e sechstjinde iuw beslacht (om persiis te wêzen fan 1558 oant 1603). It wie de snuorje dat keninginne Elizabeth I regearre, in tiid dy't troch histoarisy gauris foarsteld wurdt as de Ingelske Goudene Iuw. De Elizabetaanske Tiid wurdt lykwols benammentlik sa heech by op sjoen om't it in perioade wie dat der yn Ingelân fierhinne frede hearske nei de foargeande opstannen dy't feroarsake wiene troch de Reformaasje, yn 'e earste helte fan 'e sechstjinde iuw, en de striid tusken it parlemint en de monargy dy't derop folge, yn 'e santjinde iuw. Yn it Elizabetaanske tiidrek foel fierders it kulturele hichtepunt fan 'e Renêssânse yn Ingelân, mei de bloei fan muzyk (William Byrd en Thomas Campion), toaniel (William Shakespeare, Christopher Marlowe en oaren), poëzij (Edmund Spenser) en wittenskip (sir Isaac Newton en Francis Bacon).
Op it mêd fan 'e polityk en de religy, saken dy't doedestiden noch ûnskiedber mei-inoar ferbûn wiene, rekke de protestantske Reformaasje yn Ingelân einlings algemien akseptearre, nei it hinne-en-wer-belied fan Elizabeth har foargongers Hindrik VIII, Edwert VI en Marije de Bloedige. Dêrby spile de iepentlike fijânskip fan roomske lannen as Spanje in grutte rol, mei as hichtepunt it ferslaan fan 'e Spaanske Armada, yn 1588. Fierders fûnen yn 'e Elizabetaanske Tiid de ferneamde ûntdekkingsreizen fan sir Francis Drake en sir Walter Raleigh plak. Teffens wie de Elizabetaanske Tiid it lêste tiidrek wêryn't Ingelân noch in lân op himsels wie, mei't Elizabeth, dy't nea troude en gjin bern hie, opfolge waard troch har fiere famyljelid, kening Jakobus VI fan Skotlân (dy't yn Ingelân ûnder de namme Jakobus I op 'e troan kaam), sadat Ingelân en Skotlân fan 1603 ôf in personele uny kamen te foarmjen.