Elisabethtsjerke

Elisabethkirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Marburg
adresElisabethstraße 3, 35037 Marburg
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1235-1340
boustylGotyk
offisjele webside
Side Elisabethkirche

De Elisabethtsjerke (Dútsk: Elisabethkirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn de Dútske stêd Marburg. De tsjerke waard fanôf 14 augustus 1235 oan de foet fan de Marburger slotheuvel troch de Dútske Oarder en mei stipe fan de lângreven fan Thüringen ta eare fan de hillige Elisabeth boud. De halletsjerke leit oer it grêf fan de hillige en wie yn de midsiuwen in wichtige beafeartstsjerke. In beppesizzer fan Elisabeth, de lângreve Hindrik I, liet al yn 1286 neffens de Marburger beafeartstsjerke de Us-Leaffrouwetsjerke (Liebfrauenkirche) yn Frankenberg bouwe.

Beskriuwing

De Elisabethtsjerke jildt as ien fan earste suver goatyske tsjerkegebouwen fan it Dútske kultuergebiet. Yn dat ramt binne noch fiif oare gebouwen te neamen:

  • De dom fan Magdeburg (begjin bou 1209), mar dy hat lykwols noch tefolle romaanske eleminten om suver goatysk te wêzen.
  • De abdijtsjerke Marienstatt is suver goatysk en waard mooglik al boud yn it jier 1222, mar wierskynliker is it jiertal 1245.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke fan Trier waard fanôf 1230 boud en datearret noch fan foar de Elisabethtsjerke. Fanwegen it ûngoatyske grûnplan stiet de domtsjerke lykwols net foar it krekte begjin fan de Dútske bougotyk, ek al stie de domtsjerke op guon ûnderdielen model foar de Elisabethtsjerke.
  • De bou fan de tsjerke fan de benediktynske abdij Sint-Mauritius yn it Saarlânske plak Tholey sette tusken 1230 en 1240 útein en waard tusken 1264 en 1277 foltôge.
  • Mei de bou fan de dom fan Keulen waard yn it jier 1248 begûn, mar de Keulse dom oriïntearret him folle mear op de Frânske gotyk, benammen op de likernôch tagelyk útein sette bou fan de katedraal fan Amiens.
Goatyske skryn

De beide tuorren fan de Elisabethtsjerke binne ûngefear 80 meter heech en wurde bekroand mei in stjer (noardlike toer) en in ridder (súdlike toer). De tsjerke hat in krúsfoarmich grûnplan en in yn trije skippen ferdielde hal. De krusing wurdt troch fan in yn 1343 boud doksaal fan de tsjerke skieden. It koer hat in fiifsidige ôfsluting.

It sânstiens heechalter fan de tsjerke datearret fan 1290 en toant Marije mei rjochts trije froulike hilligen en lofts trije manlike hilligen. De middelste finsters efter it heechkoer hawwe noch it oarspronklike brânskildere glês fan dit yn 1249 wijde diel fan de tsjerke.

Grûnplan

Yn it noardlike transept is it yn 1250 boude mausoleum fan Elisabeth mei de 14e-iuwske sarkofaach fan de hillige. Op de sarkofaach binne reliëfs te sjen fan it opbierjen fan Elisabeth, Kristus, har bychtheit Koenraad fan Thüringen en oare hilligen.

De goatyske ryk fersierde skryn fan Elisabeth stiet yn de sakristy en is in wichtige tsjerkeskat. Dêrnjonken binne der ek oare sakrale keunstwurken te sjen. Mei it meitsjen fan de skryn waard yn 1235 útein set.

Skiednis

Koer en doksaal

Elisabeth stifte yn 1228 yn Marburg it spitaal, dêr't hja oant har dea yn 1231 siken fersoarge. Se waard yn de oan Fransiskus fan Assisi wijde kapel fan it sikehûs begroeven. Fuort dêrnei brochten pylgers in besite oan it grêf en al gau waard tynge dien fan tal fan genêzingwûnders. Yn 1239 droech Elisabeth's sweager Koenraad fan Thüringen it gebou oer oan de Dútske Oarder, dy't it útboude ta in beafeartsplak. Mei de bou fan de grutte Elisabethtsjerke waard yn it jier fan de hillichferklearring fan Elisabeth (1235) útein set. De tsjerke waard sa boud dat de hospitaalkapel ôfbrutsen wurde moast en it grêf fan Elisabeth yn it noardlik transept kaam te lizzen. Op 1 maaie 1236 folge yn oanwêzigens fan keizer Freark II de plechtige opgraving fan it omskot fan Elisabeth om it yn in kostbere skryn (en dielen dêrfan yn relikwaria) oer te bringen.

De tsjerke waard yn 1283 wijd, mar it wurk oan de twa tuorren gyng noch oant 1340 troch. Oant yn de 16e iuw bleau de tsjerke it plak dêr't de lângreven fan Hessen begroeven waarden. Mei de reformaasje liet Filips I fan Hessen it omskot fan Elisabeth ferwiderje om sa in ein te meitsjen oan de ferearing fan reliken. Yn de rin fan de 16e iuw bekearden de measte bruorren fan de Dútske Oarder harren ta it protestantisme en sa waard ek de Elisabethtsjerke in protestantsk gebou. In diel fan de oarspronklik ryk mei bylden fersierde tsjerke waard troch lângreve Maurits yn 1609 ferwidere.

De grêven van de lânsgreves

Yn 1945 waarden de sarken fan de Prusyske keningen Freark II en Freark Willem I yn in sâltmyn yn Thüringen opslein en troch de Amearikanen letter nei de Elisabethtsjerke brocht. Yn 1952 ferhûzen se nei de kapel fan de boarch Hohenzollern.

Yn de kapel fan de noardlike toer fan de Elilsabethtsjerke leit it grêf fan de eardere rykspresidint Paul von Hindenburg en syn frou Gertrud. Beide wiene yn 1934 yn it Tannenberg-monumint yn East-Prusen byset woarn. Om tefoarren te kommen dat de omskotten yn 'e hannen fan it Reade Leger falle soene, liet Hitler op 12 jannewaris 1945, in dei foar it begjin fan de slach om East-Prusen, de kisten fan it echtpear troch ienheden fan de Wehrmacht út it monumint helje en fierder fan it front it lân yn bringe. Tsjin it ein fan de kriich stiene de twa kisten yn in Thüringer sâltmyn, dêr't se yn de simmer fan 1945 troch it Amearikaanske leger ûntdutsen waarden. Yn augustus fan 1946 waarden se yn de toer fan de Elisabethtsjerke byset.

2004 erhielt die Kirche einen Ambo, den der Bildhauer Johannes Kirsch aus Petersberg geschaffen hatte. Er fertigte auch den Osterleuchter der Kirche.

Oargel

It oargel waard yn 2006 troch Johannes Klais út Bonn foltôge. It besit 57 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktuer is mechanysk, de registerstraktuer is mechanysk/elektrysk. It ynstrumint waard op 5 novimber 2006 yn gebrûk nommen. It moderne front fan it oargel nimt de foarmen fan de gotyk oan.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Elisabethkirche (Marburg)

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.