Elisabet fan Breunswyk (±1230 - 27 maaie 1266) wie in dochter fan de Welfyske hartoch Otto I fan Breunswyk. Hje boaske op 25 jannewaris 1252 te Breunswyk mei greve Willem II fan Hollân en de mem fan in jongstoarne dochter Machteld en fan greve Floaris V fan Hollân . Hje waard lykwols gjin fâld doe't Willem II by Heechwâld troch it iis sakke en troch de Westfriezen deade waard, mar de fâlddij waard hâlden troch de omkes fan Floaris: Willem en Otto, elekt fan it stift Utert .
Hje waard byset yn de Abdijtsjerke fan Middelboarch. Yn 1282 waard ek it lichem fan Willem II hjir byset, nei't er jierrenlang yn Heechwâld bedobbe woarn wie.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.