In gemaal is in ynrjochting om wetter fan in leger nei in heger nivo te bringen. Gemalen wurde opdield yn wettergemalen en rioelgemalen. It wettergemaal bringt of hâldt wetter yn in peilgebiet, bygelyks in polder, op in bepaald peil. In rioelgemaal is in skeakel yn it transport fan rioelwetter.
Wettergemalen
Wettergemalen kinne nei ferskate kriteariums opdield wurde:
Nei it te bemealen gebiet
Nei de funksje
- in ôffiergemaal
- It gemaal pompt wetter út in bepaald gebiet. Dit is de meast-foarkommende tapassing.
- in oanfiergemaal
- It gemaal pompt wetter yn in bepaald gebiet.
- in ûnderbemealing
- Deselde taak as in ôffiergemaal, mar dan binnen it gebiet fan in (grut) gemaal. De oantsjutting wurdt ek wol brûkt foar in lyts poldergemaal (inkele hektaren) dat it wetter op de boezem lost. De essinsje is dat it in peil leech hâldt.
- in opmealing
- Deselde taak as in ôffiergemaal, mar dan binnen it gebiet fan in (grut) gemaal. De essinsje is dat it in peil heech hâldt.
Nei de soarte fan oandriuwing
- in mûne, ornaris in wynmotor
- in stoomgemaal
- in diselgemaal
- in elektrysk gemaal
Rioelgemalen
In rioelgemaal wurdt brûkt yn in rioelstelsel om ôffalwetter nei in heger peil te bringen of oer langere ôfstân te transportearjen. Rioelgemalen binne faak lytser as de hjirboppe neamde poldergemalen omdat se in lytser gebiet betsjinje en allinnich ôffalwetter en mar in diel fan it reinwetter te ferwurkjen krije.
Rioelgemalen besteane trochstrings út in ûntfangstkelder en in bestjoeringsgeboutsje of bestjoeringskast. De pompen wurde hast altyd elektrysk oandreaun. Rioelgemalen binne ûnder te ferdielen yn trije kategoryen:
Wiete kelder
De pompen binne saneamde dompelpompen en steane hielendal ûnder wetter yn de ûntfangstkelder. Sa'n kelder is meast minimaal 2,5 meter djip, alhoewol't folle grutter djiptes ek foarkomme. De pompen wurde troch in liedstange nei ûnderen takele en de parsside fan de pomp falt troch in klau yn in keppeling oan de parslieding. De pomp hat oan de ûnderside in iepening mei in snijwurk om grutte stikken te fersnijen.
Drûge kelder
De pompen stean yn in drûge kelder njonken de ûntfangstkelder. De pompen sûgje wetter oan fia in lieding en parse it in parslieding in.
Boostergemalen
Boostergemalen - ûntwikkele foar drinkwetterbedriuwen, baggelders, offshore-bedriuwen en de petrogemyske yndustry - wurde sûnt in pear jier ek ynset foar it transport fan ôffalwetter troch parsriooelliedingen. De boostertechnyk betsjut it ferheegjen fan de druk yn floeistofliedingen, troch de floeistof streekrjocht fan ien pompynstallaasje nei de folgjende te parsen. Boostergemalen binne regelber, se spylje yn in op de hoeveelheid oanfierd ôffalwetter. It grutte foardiel is dat gjin ûntfangstkelder nedich is. It systeem wurdt dêrtroch folle lytser as in tradisjoneel rioel. Bykommende foardielen binne ek dat der gjin enerzjyferlies is by de útstream yn de kelder en dat it systeem folslein sluten is wêrtroch't gjin stjonkoerlêst ûntstiet.
De bekendste tapassing fan boostergemalen foar rioelwetter is yn Amsterdam fan arsjitekt Maarten van Bremen. Dêr is begjin 2006 in nije sintrale rioelwettersuveringsynrjochting (rwzi) yn it Westlik Havengebiet iepene. De nije rwzi suvert al it Amsterdamske rioelwetter, dat oanfierd wurdt troch 49 km parsrioellieding en 4 boostergemalen.
Wurking
It feitlike ferpleatsen fan it wetter bart middels in skeprêd, in fizel of ferskate soarten pompen. By gemalen binne de folgjende pompen tapast (yn folchoarder fan ferskining): sûgerpomp, sintrifugaalpomp, skroefpomp (horizontaal of fertikaal pleatst) en skroefsintrifugaalpomp. Ek wurdt wol in fizelpomp brûkt.
Bedriuwswissichheid
Tsjintwurdich hawwe de measte gemalen de mooglikheid om op ôfstân betsjinne te wurden, dêrneist wurde se troch kompjûters bewekke (tillemetry). Hjirby kontrolearret in kompjûter op in sintrale post de wurking fan it gemaal. Sa wurdt foarkommen dat steuringen net opmerke wurde. Ek kin in tillemetrysysteem advizen jaan oer previntyf ûnderhâld. De measte gemalen hawwe faak mear pompen as needsaaklik om útfal fan in pomp troch in oare pomp opfange te litten (oertalligens). Sa hawwe in soad rioelgemalen 2 pompen wylst der gewoanwei mar ien tagelyk draait. Sadree't der in steuring yn in pomp sinjalearre wurdt troch de apparatuer of yn âldere ynstallaasjes troch de minsk dan wurdt in oare pomp ynskeakele.
Bysûndere gemalen
Nederlân
Fryslân
Grinslân
- De Waterwolf
- Den Deel
- Stad & Lande
- De Drie Delfsilen
- Schaphalstersyl
- Noordpoldersyl
Oerisel
- A.F. Stroink
- gemaal Wetering
- gemaal Barsbekerbinnenpolder
Flevolân
- gemaal De Blocq van Kuffeler
- gemaal Wortman
- gemaal Colijn
- gemaal Lovink
- gemaal Vissering
- gemaal Smeenge
- gemaal Buma
Utert
- Gemaal De Koekoek
- Gemaal De Pleyt
- Gemaal De Keulefeart
- Gemaal De Hoekse Molen
Noard-Hollân
- Gemaal Lely
- Gemaal De Leeghwater
- Gemaal De Cruquius
- Gemaal De Lynden
- Gemaal De Bolstra
- Gemaal De Kening Willem I
- Gemaal Halfweg
Súd-Hollân
- Vakgemaal De Leyens
Noard-Brabân
- Gemaal Van Sasse
Gelderlân
- Hollânsk-Dútsk gemaal
Keppelings om utens
- Nasjonale Mûne- en Gemalendei
- Nederlandse Gemalestifting
- Wikiwurdboek-side - gemaal
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pumping stations fan Wikimedia Commons. |