It United States Electoral College (Ingelsk foar "Amerikaansk Kieskolleezje" of "Amerikaansk Elektoraal Kolleezje") is de ynstânsje dy't alle fjouwer jierren de presidint en fise-presidint fan de Feriene Steaten kiest. It kieskolleezje hat op dit stuit 538 leden, dy't kiesmannen neamd wurde, ferdield oer de 50 steaten en it federaal distrikt fan 'e Feriene Steaten. By de Amerikaanske presidintsferkiezings is it sa dat dyjinge dêr't de measte kiesmannen foar stimme, alle kiesmannen fan dy steat krijt. De kandidaat foar it presidintskip moat dus in mearderheid fan kiesmannen ha dy't him stypje, om de kiesmannen fan dy steat foar him te winnen.

Ferdieling fan de kiesmannen

Tal kiesmannen per steat. Troch de folkstelling fan 2010 is it tal kiesmannen per steat feroare. De blau steaten hawwe der kiesmannen by krigen, de giele steaten hawwe nei de folkstelling minder kiesmannen.

Yn de neikommende tabel stiet it tal kiesmannen by elke steat en it District of Columbia. De tabel en it tal kiesmannen is jildich foar de presidintsferkiezings fan 2012, 2016 en 2020.[1] Tusken heakjes stean sifers mei in plus (+) of in min (-) om oan te jaan oft it tal kiesmannen troch de United States Census 2010 feroare is.

steatkiesmannensteatkiesmannensteatkiesmannensteatkiesmannen
Alabama9Indiana11Nebraska5**South Carolina9 (+1)
Alaska3Iowa6 (-1)Nevada6 (+1)South Dakota3
Arizona11 (+1)Kansas6New Hampshire4Tennessee11
Arkansas6Kentucky8New Jersey14 (-1)Texas38 (+4)
California55Louisiana8 (-1)New Mexico5Utah6 (+1)
Colorado9Maine4**New York29 (-2)Vermont3
Connecticut7Maryland10North Carolina15Virginia13
Delaware3Massachusetts11 (-1)North Dakota3Washington12 (+1)
Florida29 (+2)Michigan16 (-1)Ohio18 (-2)West Virginia5
Georgia16 (+1)Minnesota10Oklahoma7Wisconsin10
Hawaii4Mississippi6Oregon7Wyoming3
Idaho4Missouri10 (-1)Pennsylvania20 (-1)Washington, D.C.*3
Illinois20 (-1)Montana3Rhode Island4Kiesmannen mei-inoar538

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2010 Census: State Population and the Distribution of Electoral Votes and Representatives fan de webside thegreenpapers.com
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.