Eleönoara fan Ingelân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Ingelsk Geldersk | |
bertedatum | 18 juny 1318 | |
berteplak | Woodstock (Ingelân) | |
stjerdatum | 22 april 1355 | |
stjerplak | Dimter (Oerstift) | |
dynasty | Hûs Plantagenêt Hûs Wassenberch (troch har houlik) | |
etnisiteit | Ingelsk Aragoneesk Flaamsk Frânsk Hongaarsk Leöneesk Normandysk Oksitaansk Savoaisk Skotsk Spaansk | |
regintesse fan Gelre en Sutfen | ||
amtsperioade | 1343 – 1344 | |
foargonger | Reinoud II | |
opfolger | Reinoud III | |
hartoginne-gemalinne fan Gelre grevinne-gemalinne fan Sutfen | ||
amtsperioade | 1326 – 1343 |
Eleönoara fan Ingelân, hartoginne fan Gelre (Woodstock, 18 juny 1318 – Dimter, 22 april 1355) wie in dochter fan kening Edwert II fan Ingelân. Om't hja yn Woodstock, yn Oxfordshire, berne wie, stie hja ek wol bekend as Eleönoara fan Woodstock. Eleönoara wie de twadde frou fan greve en letter hartoch Reinoud II fan Gelre, en regearre nei it ferstjerren fan har man in jier as regintesse oer it hartochdom Gelre.
Libben
Jonkheid
Eleönoara waard yn 1318 berne yn it Paleis fan Woodstock, yn it greefskip Oxfordshire, as de dochter fan 'e Ingelske kening Edwert II en dy syn frou Isabella fan Frankryk. Hja wie de jongere suster fan kening Edwert III fan Ingelân, Jan fan Eltham, greve fan Cornwall, en Jehanna fan de Toer, keninginne fan Skotlân. Eleönoara wie ferneamd nei har beppe, Eleönoara fan Kastylje. Yn 1324 waard se in skoft as pleechbern oannommen troch har nicht Eleönoara fan Clare, frouwe fan Glamorgan, en letter brocht se mei har suster Jehanna in skoft troch yn it gesin fan Ralf fan Monthermer, 1e baron fan Monthermer, en Isabella fan Hastings.
Houlik
Yn 1325 waarden der ûnderhannelings fierd om Eleönoara út te hylkjen oan kening Alfûns XI fan Kastylje, mar dy rûnen op 'e non fanwegen spul oer de hichte fan 'e breidsskat. Neitiid waard Eleönoara weriene mei har mem, dy't yn 1330 besocht en regelje in dûbelhoulik foar har en har broer Jan fan Eltham mei in soan en dochter fan har sibbe Filips VI fan Frankryk, mar dat rûn ek op neat út. Yn maaie 1332 troude Eleönoara sadwaande mei greve Reinoud II fan Gelre (±1295-1343), byneamd Reinoud de Swarte, fanwegen syn dûnkere hûdskleur en geduerige opsternatens. Dat houlik wie beävensearre troch Jehanna fan Falois, in nicht fan Eleönoara har mem. De brêgeman wie in widner mei fjouwer dochters út syn eardere houlik, dy't derom bekendstie dat er syn eigen heit seis jier lang finzen holden hie.
Eleönoara wie in tige goede partij foar in Gelderske greve, en hja waard yn Gelre goed ûntfongen. Hja skonk Reinoud II twa bern, Reinoud III (1334-1371), byneamd Reinoud de Grouwe, en Edwert (1336-1371). Dêrnjonken wie se ek pleechmem foar Leönoara fan Barchem, de frou dy't neffens de leginde fan leafdesfertriet stoar. Fanwegen har ûngelokkige jonkheid wie Eleönoara in senuweftich frommeske, en besocht se allegeduerigen om it har man nei 't sin te meitsjen. Dat hie in averjochts effekt, mei't Reinoud II syn nocht fan har krige en har yn 1338 fan syn hof ferballe nei in kleaster, troch te bearen dat se oanhelle rekke wie mei melaatskens. Neitiid besocht er it houlik neatich ferklearre te krijen. Dêrop kearde Eleönoara tsjin 'e winsken fan har man yn werom nei it greeflik hof yn Nimwegen, en klaaide har dêr yn it bywêzen fan 'e hiele hofhâlding út om te bewizen dat se net melaatsk wie. Doe moast Reinoud har wol weromnimme as frou. Yn 1339 waard Gelre ferhege fan in greefskip ta in hartochdom.
Regintskip en dea
Nei't Reinoud II op 12 oktober 1343 omkommen wie by in fal fan syn hynder, waard Eleönoara oansteld as regintesse oer Gelre foar har âldste soan Reinoud III, dy't doe njoggen jier wie. Hoewol't har regintskip offisjeel wie, hie hja swierrichheden om it as sadanich erkend te krijen, en in jier letter, yn 1344, wie hja twongen om 'e post op te jaan. Yn 1350 ûntstie der ûnmin tusken har en Reinoud III doe't se har twadde soan Edwert stipe by dy syn rebûlje tsjin Reinoud syn regear. Dêrop lei Reinoud beslach op 'e lânerijen fan syn mem. Om't Eleönoara te grutsk wie en freegje har broer, de kening fan Ingelân, om help, wie se twongen om yn in sistersjinzer kleaster yn Dimter te gean. Dêr stoar se op 22 april 1355, noch mar 36 jier âld.
Foarâlden fan Jehanna fan de Toer
16. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân | ||||||||||||||||
8. Hindrik III, kening fan Ingelân | ||||||||||||||||
17. Isabella, grevinne fan Angoulême | ||||||||||||||||
4. Edwert I, kening fan Ingelân | ||||||||||||||||
18. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns | ||||||||||||||||
9. Eleönoara, grevinne fan de Provâns | ||||||||||||||||
19. Beätriks, grevinne fan Savoaye | ||||||||||||||||
2. Edwert II, kening fan Ingelân | ||||||||||||||||
20. Alfûns IX, kening fan Leön | ||||||||||||||||
10. Ferdinand III, kening fan Kastylje | ||||||||||||||||
21. Berengaria, prinsesse fan Kastylje | ||||||||||||||||
5. Eleönoara, prinsesse fan Kastylje | ||||||||||||||||
22. Simon, greve fan Aumale | ||||||||||||||||
11. Jehanne, grevinne fan Ponthieu | ||||||||||||||||
23. Marije, grevinne fan Pontelân | ||||||||||||||||
1. Eleönoara fan Woodstock, prinsesse fan Ingelân | ||||||||||||||||
24. Loadewyk IX, kening fan Frankryk | ||||||||||||||||
12. Filips III, kening fan Frankryk | ||||||||||||||||
25. Margareta, grevinne fan de Provâns | ||||||||||||||||
6. Filips IV, kening fan Frankryk | ||||||||||||||||
26. Jakobus I, kening fan Aragon | ||||||||||||||||
13. Isabella, prinsesse fan Aragon | ||||||||||||||||
27. Fiolante, prinsesse fan Hongarije | ||||||||||||||||
3. Isabella, prinsesse fan Frankryk | ||||||||||||||||
28. Teobald I, kening fan Navarra | ||||||||||||||||
14. Hindrik I, kening fan Navarra | ||||||||||||||||
29. Margareta, hartoginne fan Boerbon | ||||||||||||||||
7. Jehanna I, keninginne fan Navarra | ||||||||||||||||
30. Robert I, greve fan Arteezje | ||||||||||||||||
15. Blâns, grevinne fan Arteezje | ||||||||||||||||
31. Matilde, hartoginne fan Brabân | ||||||||||||||||
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|