In ekosysteem wurdt foarme troch de wikselwurkingen tusken alle organismen en de net-biologyske faktoren yn in beskate omjouwing. De term ekosysteem waard yn 1935 troch Arthur Tansley yntrodusearre. Foarbylden fan ekosystemen binne in bosk, mar kin ek de hiele ierde wêze. Guons beskôgje sels in potplant as ekosysteem. Underdiel fan in ekosysteem binne ôfsûnderlike planten, dieren en mikro-organismen en de ûnderlinge kompleksen dy't sy foarmje, bygelyks yn de foarm fan mienskippen en populaasjes. Ekosystemen wurde faak sjoen as dynamyske funksjonele ienheden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.