Anatomy fan de minsklike holle
Anatomy fan de minsklike holle

De holle fan in wêzen (minske of bist) is (anatomysk sjoen) it boppeste part fan it lichem dat de harsens, de eagen, earen, noas en mûle befettet. De holle soarget dêrmei foar sintugen as sjen, hearren, priuwen en rûken. By bisten wurdt meastentiids sein fan kop en net fan holle, útsein by in hynder dat as in eal dier beskôge wurdt. Guon simpele dieren hawwe gjin holle.

By de minske wurdt de foarkant fan de holle, dêr't de eagen, earen, noas en mûle sitte, it antlit neamd.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.