Efteling | ||
ferdivedaasjepark | ||
Yngong fan it park. | ||
logo | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Brabân | |
gemeente | Loon op Zand | |
plak | Kaatsheuvel | |
resort | "Wereld van de Efteling" | |
adres | Europalaan 1 | |
koördinaten | 51°39′01″N 5°02′53″E | |
bysûnderheden | ||
type | algemien ferdivedaasjepark | |
tema | mearkes, folkloare, fantasy | |
eigner | St. Natuurpark de Efteling | |
iepen | hiele jier rûn | |
oerflak | 72 ha (park sels) 276 ha ("Wereld van de Efteling") | |
attraksjes | 62 | |
achtbanen | 6, wêrfan 2 dûbeld | |
wetterattr. | 1 | |
darkrides | 4 | |
wurknimmers | >3.000 2021) | |
besikers | 5.260.000 (2019) | |
netwurk(en) | IAAPA | |
omset | €227,7 miljoen (2019) | |
winst | €28,7 miljoen (2019) | |
skiednis | ||
ferneamd nei | 16e-iuwske pleats dêre | |
iepening | 1951 (natoerpark) 1952 (mearkesbosk) | |
offisjele webside | ||
www.efteling.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Noard-Brabân.
|
De Efteling is in attraksjepark yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. It park leit yn Kaatsheuvel, tusken Tilburch en Waalwyk. Wat de besikerstallen oangiet is de Efteling it grutste ferdivedaasjepark fan Nederlân en it treddegrutste fan Europa.[1]
It park waard yn 1952 iepene en wie yn it earstoan ornearre as park foar lytse bern. Yn 'e rin fan de tiid is it in alsidich park wurden mei attraksjes foar bern en folwoeksenen.
Opbou fan it park
It park is opboud út ferskate riken (rijken):
- It Marerijk yn it noardwestlike diel fan it park mei ûnder oaren de ferneamde attraksje Droomvlucht en it Mearkebosk (Sprookjesbos).
- It Anderrijk hat ferskate attraksjes mei frjemde kultueren as tema foarmet it súdwestlike diel fan it park. Ferneamde attraksjes binne de Fata Morgana wyldwetterbaan Pirana.
- It Reizenrijk leit yn it noardeastlike diel fan it park en foarmet it lytste diel (ryk) fan it park mei attraksjes lykas de Vogel Rok en de Carnaval Festival.
- It Ruigrijk hat de measte attraksjes foar de grutten en leit yn it súdeasten fan it park. De tsjustere achtbaan De vliegende Hollander en de houten achtbaan Joris en de draak binne dêr ûnderdiel fan.
- It Fantasierijk mei Efteling Brink, de Pardoes Promenade en Symbolica.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.