Eelde (Drintsk: Eel) is in plak yn it noarden fan de provinsje Drinte tusken Assen en Grins, en heart by de gemeente Tynaarlo. Foar 1998 wie Eelde it haadplak fan de gemeente Eelde.
De doarpen Eelde en Paterswolde binne yn de rin fan de tweintichste iuw oan elkoar fêstgroeid en binne sûnt ien wenkearn.
Under Eelde leit it fleanfjild Groningen Airport Eelde.
- It eardere gemeentehûs fan Eelde yn 2010
Befolking
Yn 2012 hie Eelde 6.660 ynwenners en Paterswolde 3.680. Meiïnoar 10.340 ynwenners.
Berne yn Eelde
- Menso Alting (9 novimber 1541 - 7 oktober 1612), predikant en tsjerkeherfoarmer
- Dick Hamming (4 augustus 1925 - 29 augustus 2005), bernedokter en sportman
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.