Eastfryslân yn d tiid fan de Eastfryske haadlingen.

Edo Wiemken de Aldere (berne foàr 1382stoarn yn 1415) waard yn 1355 de earste Eastfryske haadling fan it goa Östringen en Rjustringen sawol oer Bant as oer it Wangerlân. Om syn lân te beskermjen stifte er de earste basis fan it doarp Jever en wie dêrmei de stifter fan de boarch fan Jever. As fierder steunpunt boude hy yn 1383 de nei him ferneamde Edenburg, dy't letter troch syn pakesizzer en opfolger as haadling Sibet Lubbenson yn Sibetsboarch omneamd waard. De Edenburg lei niet fier fan it doarp Schaar, dat yn dy tid oer de Maadebucht in direkte tagong nei de Noardsee hie.

Edo Wiemken de Aldere die lykas in soad oare Eastfryske haadlingen in soad oan seerôverij. Hy ûnderskiede him benammen as gasthear fan de Fiktaaljebruorren[1], dêrom wie de strafekspedysje fan de Hânze benammen tsjin him rjochte: Hy moast op 4 july 1398 Lübeck, Bremen en Hamburch tasizze, dat er de beskerming fan de Fiktaaljebruorren ynlûke soe en har fan syn grûngebiet stjoere soe.[2]

Edo Wiemken de Aldere wie pake fan Sibet Lubbenson en Hajo Harlda (Harles), oerpake fan dy syn soan Tanno Düren en dêrmei oer-oerpake fan dy syn soan Edo Wiemken de Jongere(om 1454-19 april 1511) .

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hartmut Roder: Klaus Störtebeker – Häuptling der Vitalienbrüder. Yn: Hartmut Roder (Hrsg.): Piraten – Herren der Sieben Meere. Temmen, Bremen 2000, ISBN 3-86108-536-4, side 41.
  2. Matthias Puhle: Die Vitalienbrüder. Klaus Störtebeker und die Seeräuber der Hansezeit. 2. durchgesehene Auflage. Campus-Verlag, Frankfurt am Main u. a. 1994, ISBN 3-593-34525-0, S. 111.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.