Edo Johannes Bergsma (Makkingea, 6 juny 1862 - Arnhim, 1 novimber 1948) wie boargemaster fan Ynskedee (1896-1932) en foarsitter fan de ANWB (1884-1937).
Syn heit Mr. Petrus Adrianus Bergsma wie boargemaster fan Eaststellingwerf. Hy troude yn 1893 mei Cornelia Johanna van de Moer. Yn 1894 krigen se in dochter, Anna.
Bergsma is op 5 novimber 1948 beïerdige op it Easterbegraafplak yn Ynskedee.
Karriêre
Bergsma waard yn 1886 gemeentesekretaris yn Idaarderadiel. Yn 1892 waard hy boargemaster fan It Bilt, en per 1 augustus 1896 fan Ynskedee. Bergsma bleau 36 jier boargemaster fan Ynskedee, en hat yn de perioade in goede namme krigen by de ynwenners. Yn syn boargemasterskip groeide Ynskedee fan ± 25.000 nei sa'n 50.000 ynwenners, en waard Ynskedee ien fan de grutste yndustrystêden fan Nederlân. Under syn lieding krige de stêd ûnder oare:
- in elektryske sintrale (1900),
- in elektrysk alarmnet foar de brânwar (1902),
- in nije gasfabryk (1903),
- de singel om de beboude kom,
- de Hegere Tekstylskoalle en
- in nij stêdhûs.
As boargemaster wie Bergsma ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de iepenbiere oarder by de Twintske katoenstakingen fan 1923-1924 en 1931-1932. Op 17 july 1931 iepene hy offisjeel Fleanfjild Twinte.
By syn ôfgean as boargemaster waard hy yn 1932 beneamd ta Eareboarger fan Ynskedee. Yn 1902 wie hy al beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en in 1933 waard er Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Ferskaat
- Yn Ynskedee binne de Edo Bergsmabrêge en de Boargemaster Edo Bergsmaleane nei him neamd.
- Bergsma skreaun De uitvoering der Armenwet in Friesland (1896)
- Hy wie oprjochter en foarsitter fan de ANWB (1884)