Edmond Louis Antoine Huot de Goncourt (Nancy, 26 maaie 1822 – Draveil, 16 july 1896) wie in Frânsk skriuwer en kritikus en oprjochter fan de Académie Goncourt, dy't sûnt 1903 alle jierren de Prix Goncourt útrikt. Bekende priiswinners wiene ûnder oare Marcel Proust, Simone de Beauvoir, Michel Tournier, Marguerite Duras en Romain Gary. De lêste wûn de priis sels twaris.
Edmond de Goncourt wurke lange tiid gear mei syn broer Jules de Goncourt, in gearwurking dy't destiids unyk wie. De ûnôfskiedlike bruorren publisearren tegearre in tal wurken. Nei in betide dea fan Jules publisearre Edmond noch in tal solowurken. Hy wie befreone mei ûnder oaren Gustave Flaubert, Alphonse Daudet en Émile Zola.
De famylje stamme út Goncourt yn it departemint Haute-Marne. Harren heit wie ofsier yn it leger fan Napoleon. De bruorren besochten beide it Paryske lycée Condorcet.
De bruorren Edmond en Jules de Goncourt droegen by ta it naturalisme troch it bleatlizzen fan it ûnbekend-psychologyske efter harren personaazjes, hja makken seis romans yn kolloboraasje. Harren sin foar nuânse kaam fuort út harren doetiidske berop as skilder-yllustrator. Ien fan harren boeken, Dagboek, waard útjûn yn de biografyske boekerige Privé-Domein fan Utjouwerij De Arbeiderspers.
Edmond de Goncourt stoar op 16 july 1896 yn it hûs fan syn freon Alphonse Daudet. Hy waard, lykas syn broer, begroeven op de Cimetière de Montmartre yn Parys.
Wurken
- mei Jules de Goncourt
- Sœur Philomène (1861)
- Renée Mauperin (1864)
- Germinie Lacerteux (1865)
- Manette Salomon (1867)
- Madame Gervaisais (1869)
Tegearre wurken de bruorren ek oan Le Journal, in deiboek mei oantekenings en observaasjes op in soad terreinnen. Nei de dea fan Jules sette Edmond dat wurk troch.
- Solowurken
- La Fille Élisa (1877)
- Les Frères Zemganno (1879)
- La Maison d'un Artiste tome 1 (1881)
- La Maison d'un Artiste tome 2 (1881)
- La Faustin (1882)
- Chérie (1884)