Edam
Lokaasje Edam yn Noard-Hollân
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal6.900 (2021)[1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 30' 20" NB, 5° 3' 50" EL
WebsideWebside gemeente Edam-Volendam
Monumintale hûzen
Alde kaart fan Edam en omkriten yn 1866

Edam is in Nederlânske stêd en eardere gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. Tegearre mei Volendam foarmet Edam de gemeente Edam-Volendam. De stêd telt likernôch 7380 ynwenners. De gânse gemeente Edam-Volendam telde op 1 jannewaris 2019 36.094 ynwenners (boarne:CBS). De stêd lei eartiids oan de lytse rivier de Ye of Ee en hiet dus wol Yedam. Dêr is de namme Edam fan ôflaat. De stêd is ferneamd om syn tsiis.

Skiednis

Plattegrûn fan Edam út 1649

Edam ûntstie by in daam oan de Ije of Ee dy't yn 'e Sudersee útmûne. Om 1230 hinne waarden der damen oan de seegatten fan de Sudersee oanlein. By de daam moast it goed oerladen wurde en koe der tol heft wurde. Sa koe Edam ta in hannelsplak útwaakse. Skipsbou, hjerringfiskerij en tsiishannel joegen Edam in warbere ekonomy.

Greve Willem V fan Hollân joech Edam yn 1357 stedsrjochten. Dat die er mear út eigen belang, want yn de tiid wiene de strideraasjes tusken Hoeksken en Kabbeljauwen yn folle gong. Dat wiene fjochterijen om de macht tusken it greeflike gesach en de reginten yn de stêden. It wie foar Willem V wichtich en krij de stêden oan syn kant. Foar de boargers stie der ek in soad op it spul. De rjochtswissens foar de boargers naam ta, om't de skout en skepen no sels it rjocht útsprekke koene. Tige wichtich wie dat Edam tastimming krige en graaf in nije haven nei de see. Dat waarden der twa: de Voorhaven en it Oorgat. Dêrmei ûntstie in bettere skipfeartferbining nei de stêd en hannelskippen koene no makliker oer it Purmermar nei oare grutte Noardhollânske stêden farre. Ek mocht der trije kear yn 't jier in merk holden wurde. Sa woeks de ekonomy frij hurd fan de stêd.

De tsiismerk wie fan de sechtjinde iuw ôf ek in wichtich part fan de ekonomy yn Edam. Op 16 april 1526 krige Edam fan keizer Karel V it rjocht fan in frije wykmerk en it rjocht fan Waach, dêr't yn 't jier 90 gûne foar de greeflikens betelle wurde moast. Op 2 maart 1574 waard dat rjocht fan Waach troch Willem fan Oranje foar ivich ferjûn as tanke foar it goede gearwurkjen yn it belis fan Alkmar.

Yn 1544 bepaalde Karel V dat de iepen ferbining fan Edam mei de Sudersee sletten wurde moast om it efterlân te beskermjen tsjin it wurkjen fan ebbe en floed. Edam wie der poer op tsjin, om't men noed hie dat de haven tichtslibje soe. Yn 1570 fernielden de Edammers de slûsdoarren. De slûs betsjutte de ein fan de ambysjes fan Edam om noch ta in grutte havenstêd út te waaksen.

Edam hie inkelde kearen mei wettersneed te krijen. De Wettersneed fan 1825 rekke benammen de oare kant fan de Sudersee, mar yn febrewaris 1916 rekke de saneamde Suderseefloed, dêr't de wyn út it noardeasten kaam, it gebiet. Der fergiene inkelde skippen (32 deaden) en in grut part fan Noard-Hollân kaam ûnder wetter te stean (19 deaden). Efter de slûswachterswente by de Edamerslûs stiet in peal, dêr't op oaanjûn stiet hoe heech it wetter yn 1916 stien hie.

It âlde stedssintrum

Kaart fan it âlde sintrum fan Edam

It sintrum yn de âlde fêsting is in beskerme stedsgesicht. Der steane in tal monuminten:

  • Grutte of Sint-Nikolaastsjerke út 1626, mei 15e-iuwske toer
  • Lytse Tsjerke
  • Luterske tsjerke, boud tusken 1739-1741 mei fronten yn Loadewyk XIV-styl
  • Riehûs, út de 15e iuw, restaurearre yn 1985
  • Weeshûs, restaurearre yn 1989.

Tsiismerk

Tsiismerk yn Edam yn augustus 2006

Nei it takennen fan it rjocht op in tsiiswaach hat der yn Edam oant 1922 in kommersiële tsiismerk west dêr't boeren út de omkriten harren tsiis ferhannelje koene. De Edammer tiis waard nei de merk ferfierd mei lytse boatsjes. Nei it lossen op 'e wâl waard de tsiis troch tsiisdragers nei de merk brocht. Dêr waard de tsiis te keapoanbean troch de hannelers. Nei't it earst kard waard, waard it troch loven en bieden, it 'hantsjeklappen', de priis de kilo fêststeld. Dêrnei waard de tsiis wer op in berje laden en nei de waach brocht dêr't it gewicht fêststeld waard. De tsiis waard ta einbeslút mei hynder en tsiisbrik nei it tsiispakhûs brocht om dêr noch foar in skoft ryp te meitsjen.

De tsiismerk waard yn 1989 fannijs wer iepene. Yn de simmer (july en augustus) wurdt eltse woansdei tusken 10.30 en 12.30 in toeristyske ferzje fan de tsiismerk holden.

Galery


Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.