Echte ralfûgels
In teapert (Crex crex).
In teapert (Crex crex).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
ûnderskift:raleftigen (Ralli)
famylje:ralfûgels (Rallidae)
ûnderfamylje:echte ralfûgels (Rallinae)
G.R. Gray, 1840

De echte ralfûgels (wittenskiplike namme: Rallinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes), it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli) en de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 35 libbene soarten mei dêropta nochris teminsten 12 resint (d.w.s. yn 'e lêste fiifhûndert jier) útstoarne soarten. De bekendste soarte echte ralfûgel is de teapert (Crex crex), dy't foarhinne ek rûnom foarkaam yn Fryslân.

Famylje-opbou

  • ûnderfamylje echte ralfûgels (Rallinae)
    • skaai bleateachrallen (Gymnocrex): 3 soarten
    • skaai Chathameilânske rallen (Cabalus) †: 1 soarte resint útstoarn
    • skaai flemingrallen of Flemings rallen (Pleistorallus) †
    • skaai hawkinsrallen of Hawkins' rallen (Diaphorapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn
    • skaai krúnrallen (Anurolimnas): 3 soarten
    • skaai lewinrallen of Lewins rallen (Lewinia): 3 soarten
    • skaai Madagaskarrallen (Biensis): 1 soarte (faak ûnderbrocht by de wetterrallen, Rallus)
    • skaai Oseänyske rallen (Gallirallus): 9 soarten + nochris 8 resint útstoarn
    • skaai reade rallen of Mauritsiusrallen (Aphanapteryx) †: 1 soarte resint útstoarn
    • skaai Rodriguesrallen of Rodrigueseilânrallen (Erythromachus) †
    • skaai teaperts (Crex): 2 soarten
    • skaai wetterrallen (Rallus): 13 of 14 soarten
    • skaai wytkielrallen (Dryolimnas): 1 soarte + noch 1 resint útstoarn
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.