Echte iikhoarntsjes
In (gewoan) iikhoarntsje.
In (gewoan) iikhoarntsje.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje:iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje:echte iikhoarntsjes (Sciurinae)
Hemprich, 1820

De echte iikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciurinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae). Yn dizze ûnderfamylje wurde de echte beamiikhoarntsjes feriene mei de fleanende iikhoarntsjes. Yn ferâldere yndielings waarden de fleanende iikhoarntsjes yn in aparte ûnderfamylje (Pteromyinae) pleatst, wylst alle oare dielen fan 'e iikhoarntsjesfamylje gearbrocht waarden yn in twadde ûnderfamylje (Sciurinae), mar dy klassifikaasje is wjerlein troch modern genetysk ûndersyk.

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje echte iikhoarntsjes (Sciurinae)
    • tûke echte beamiikhoarntsjes (Sciurini)
      • skaai Amerikaanske dwerchiikhoarntsjes (Microsciurus): 4 soarten
      • skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus): 30 soarten
      • skaai Borneo-iikhoarntsjes (Rheithrosciurus): 1 soarte
      • skaai Middenamerikaanske berchiikhoarntsjes (Syntheosciurus): 1 soarte
      • skaai Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus): 3 soarten
    • tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini)
      • ûndertûke blaugrize fleanende iikhoarntsjes (Glaucomyina)
        • skaai dwerchfleanhoarntsjes (Petaurillus): 3 soarten
        • skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys): 2 soarten
        • skaai Yndonezyske fleanende iikhoarntsjes (Iomys): 2 soarten
        • skaai Yndyske fleanende iikhoarntsjes (Petinomys): 9 soarten
        • skaai Kasjmierfleanhoarntsjes (Eoglaucomys): 1 soarte
        • skaai pylsturtfleanhoarntsjes (Hylopetes): 10 soarten
      • ûndertûke echte fleanende iikhoarntsjes (Pteromyina)
        • skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys): 2 soarten
        • skaai grutte swarte fleanende iikhoarntsjes (Aeromys): 2 soarten
        • skaai hierpoatfleanhoarntsjes (Belomys): 1 soarte
        • skaai Namdaphafleanhoarntsjes (Biswamoyopterus): 1 soarte
        • skaai Noardsineeske fleanende iikhoarntsjes (Aeretes): 1 soarte
        • skaai oarstoskige fleanende iikhoarntsjes (Trogopterus): 1 soarte
        • skaai reekfleanhoarntsjes (Pteromyscus): 1 soarte
        • skaai reuzefleanhoarntsjes (Petaurista): 11 soarten
        • skaai rotsfleanhoarntsjes (Eupetaurus): 1 soarte
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.