Eastsibearyske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken de Nijsibearyske Eilannen, Wrangel en it fêstelân fan Sibearje | |
lân | Ruslân | |
koördinaten | 72° N, 163° E | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.500 km | |
maks. breedte | 700 km | |
oerflak | 987.000 km² | |
djiptegemiddelde | 66 m | |
djipste punt | 915 m | |
wetterfolume | 57.000 km³ | |
Laptevsee (l.) en Eastsibearyske See (rj.) mei de Nijsibearyske Eilannen yn 'e midden. |
De Eastsibearyske See (Russysk: Восточно-Сибирское море; Vostótsjno-Sibírskoje Móre) is in diel fan de Noardlike Iissee en hat in oerflak fan sa'n 913.000 km², dy't it grutste part fan 't jier beferzen is. De see leit tusken de Arktyske Kaap (op Komsomolets) yn it noardwesten, de Nijsibearyske Eilannen yn it westen, de Russyske dielgebieten Sacha yn it suden en it eilân Wrangel yn it easten. It grinzet oan de Laptevsee yn it westen en de Tsjûktsjensee yn it easten.
De see is frijwat ûndjip; 70% fan de see is net djipper as 50 meter en it djipste punt leit op 915 meter.
De wichtichste rivieren dy't ôfwetterje op de see binne de Chroma, Indigirka, Alazeja, Kolyma en Poetsjevejem. Yn de see lizze de Beareneilannen. It wichtichste havenplak is Pevek yn Tsjoekotka.
De súdlike kust bestiet yn Jakoetje út de leechlân (Jano-Indigirkaleechflakte en Kolymaleechflakte). Nei de Kolymarivier begjint in wat heuveleftich gebiet yn Tsjoekotka. De trochsnee luchttemperatueren wikselje fan 0 °C oant 2 °C (4 °C yn it súdlik part) yn de simmer en dale oant -30 °C yn de winter.
It gebiet waard ferkend troch Russyske seefarders yn de 17e iuw, dy't fan riviermûning nei riviermûning farden yn harren kotsjen. Yn 1648 besilen Semjon Dezjnjov en Fedot Aleksejev de kust fan de rivier de Kolyma ôf oant de rivier de Anadyr en de Beringstrjitte. Letter waarden de eilannen en de Sibearyske kust troch de ekspedysjes fan 1735-1742, 1820-1824, 1822, 1909 en 1911-1914 yn kaart brocht.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory East Siberian Sea fan Wikimedia Commons. |