Middellânske See | ||
geografy | ||
type wetter | binnensee / rânesee | |
lokaasje | tusken Súd- en Súdeast- Jeropa, Noard-Afrika en West-Aazje | |
lân | Albaanje Algerije Bosnje-Hertsegovina Egypte Frankryk Gibraltar Grikelân Israel Itaalje Kroaasje Libanon Lybje Malta Marokko Monako Montenegro Palestina Syprus Syrje Sloveenje Spanje Tuneezje Turkije | |
koördinaten | 35° N, 18° E | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 3.860 km | |
maks. breedte | 1.600 km | |
oerflak | 2.500.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.500 m | |
djipste punt | 5.109 m | |
wetterfolume | 3.750.000 km³ |
De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3860 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1500 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².
Geografy
De Middellânske See foarmet de grins tusken Jeropa en Afrika en foar in part ek dy tusken Jeropa en Aazje. It is fia de Strjitte fan Gibraltar (tusken Spanje en Marokko) ferbûn mei de Atlantyske Oseaan en fia de Bosporus mei de Swarte See, dy't neffens guon betinkens (mar net neffens it deistich spraakgebrûk) ek ta de Middellânske See heart. De ferbining mei de Reade See is in keunstmjittige en ferrint fia it Suezkanaal yn Egypte.
De Middellânske See kin opdield wurde yn in Westlik Bekken en in Eastlik Bekken. De grins wurdt ornaris lein by it eilân Sisylje, dat mei de tean fan 'e Lears fan Itaalje en de noardwestkust fan Tuneezje in natuerlike fersmelling fan 'e see foarmet. Ta de Middellânske See hearre ferskate lytsere seeën, mei dêrûnder yn it Westlik Bekken de Alboransee, de Baleaarske See, de See fan Sardynje, de Ligueryske See en de Tyrreenske See, en yn it Eastlik Bekken de Adriatyske See, de Ioanyske See, de Golf fan Sirte, de Libyske See, de Levantynske See en de Egeyske See, wêrfan't dy lêste sels wer de Kretinzyske See, de Ikaryske See, de Myrtoaanske See en de Trasyske See omfiemet.
Eilannen
De wichtichste eilannen dy't yn de Middellânske See lizze, binne:
Lannen
Lannen en territoaria dy’t oan de Middellânske See grinzgje, binne:
- yn it noardwesten en noarden: Spanje, Gibraltar, Frankryk, Monako, Itaalje, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Montenegro, Albaanje, Grikelân en Turkije
- in it easten: Syrje, Libanon, Israel en Palestina (de Gazastripe)
- oan de súdside: Egypte, Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko
- eilânsteaten: Malta en Syprus (en it net algemien erkende Noard-Syprus)
Rivieren
De Nyl is fierwei de grutste rivier dyt útmûnet yn de Middellânske See. Alle oare grutte rivieren (langer as 400 kilometer) dy´t yn de Middellânske See útmûnje, ûntspringe yn Jeropa. Fan west nei east binne dat: de Ebro, de Rhône, de Tiber, de Po, de Adige (Etsch) en de Maritsa (Evros).
Middellânske Seeklimaat
It Middellânske Seeklimaat wurd ek wol Mediterraansk klimaat neamd. De term Middellânske Seeklimaat ferwiist nei it klimaat yn lannen rûn de Middellânske See. De grutte, relatyf waarme, wettermassa is fan grutte ynfloed op de lannen om de Middellânske See. De noardlik lizzende lannen binne dêrtroch relatyf waarm, de súdlike lannen relatyf koel. De simmers binne waarm en de winters, wêryn't de measte rein falt, binne sêft. It Mediterraansk klimaat makket ûnderdiel út fan it subtropyske klimaatgebiet.