Easthim
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
GemeenteSúdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal455 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,67 km², wêrfan
- lân: 7,03 km²
- wetter 0,64 km²
Befolkingsticht.63 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 13' N 5° 54' E
Himrik Easthim yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Himrik Easthim yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Offisjele webside
Website Easthim
Kaart
Easthim (Fryslân)
Easthim

Easthim (Nederlânsk en offisjeel: Oosthem) is in doarp west fan Drylts yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Yn 'e himrik fan Easthim lizze ek de buorskippen Draeisterhuzen en (foar it grutste part) Nijesyl. In oar diel fan Nijesyl heart by Drylts.

It doarp hat 455 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Jehannestsjerke

Easthim ûntstie yn 'e midsiuwen op in terp en waard al gau in doarp. It doarp hiet yn 1453 Aesthem, yn 1492 Oosthem, yn 1505 Oestheem en yn 1579 Aestem. De plaknamme ferwiist nei in him, in ynpoldere stik lân.

De midsiuwske oan Jehannes Baptist wijde tsjerke waard mei de âlde sealtektoer yn 1860 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske Jehannestsjerke. Yn 1897 krige it doarp noch in grifformearde tsjerke, dêr yn 2008 foar it lêst in tsjinst holden waard.[3]

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Easthim yn 'e gemeente Wymbritseradiel (1984-2011), wylst it foar de weryndieling fan 1984 diel útmakke fan it âlde âlde Wymbritseradiel.

Mienskip

It Himsterhûs.

It yn 1989 opknapte Himsterhûs is it doarpshûs. Alle moannen ferskynt it doarpskrantsje "Kontakt".

Tsjerke

Gebouwen yn Easthim:

Skoalle

Yn 1983 waard de nije basisskoalle 'East Kime' iepene. Dêr wie ek in Frysktalich pjutteboartersplak 'De Himsterhummels'. Nei't de skoalle 'Bernegea' fan Abbegea yn 2012 sletten waard en de bern fan dy skoalle nei de 'East Kime' ferhûzen, fusearre de skoalle fan Easthim yn 2015 mei de skoalle 'De Gearrin' fan Folsgeare. Ek dy skoalle waard te lyts en yn 2018 fusearre 'De Gearrin' mei de Prot.-kr. basisskoalle 'De Earste Trimen' yn Nijlân.

Ferienings

Brêge oer De Wimerts

Befolkingsûntwikkeling

Jier1850195419591964196919732006201120152020
Ynwenners450507477455416481459417421441

Berne

TS 't Anker fanút it súdwesten

Ferskaat

Yn galery Easthim oan it Hernepaed wurde regelmjittich eksposysje organisearre.

Strjitten yn Easthim

Sjoch ek

Publikaasjes

  • T.E. van Popta - Waar eens de Johanneskerk stond (1995)
  • E. Hekman - Van Houtkooperschen, Scheepsbouwers en Boeren, (Drylsts, Nijesyl en Easthim yn ferfleine jierren) (2000)
  • T.E. van Popta - De school van Oosthem door de eeuwen heen (2007)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.