Eastertsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Mearum
plak De Wylp
adresEasterwei 49
koördinaten53° 07' N 6° 15' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
Arsjitektuer
boujier1923
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Eastertsjerke (Grinslân)
Eastertsjerke

De Eastertsjerke is de eardere grifformearde tsjerke en de hjoeddeiske tsjerke fan de PKN-gemeente fan De Wylp, Grinslân.

Skiednis

Yn 'e Wylp ûntstie earst yn 1871 in ôfskieden gemeente. Foar dy tiid hearden de leden fan 'e gemeente by de Kristlik-Grifformearde gemeenten fan Haulerwyk en Mearum. De gemeente bestie mar njoggen jier en waard doe wer opheft. Dêrnei tsjerkten de measte Wylpsters yn Mearum, mar troch evangelisaasje woeks it tal grifformearden yn De Wylp stadichoan en op 16 oktober 1897 koe fanút Mearum op 'e nij in grifformearde gemeente ynstituearre wurde. It evangelisaasjelokaal oan 'e Easterwei waard letter te lyts en yn 1923 waard in nije tsjerke iepene, de hjoeddeiske Eastertsjerke. It tal gemeenteleden bleau yn 'e rin fan de tiid tanimmen, oant hast 700 leden healwei de jierren 1980. Dêrnei naam it ledetal stadichoan ôf.[1][2]

PKN

Yn 2015 fusearre de Grifformearde en Herfoarme gemeente fan Sigerswâld en De Wylp ta de Protestanske gemeente De Wylp-Sigerswâld. Besletten waard om de eardere grifformearde Eastertsjerke oan te hâlden en de Herfoarme tsjerke te ferkeapjen.[3]. Op snein 19 novimber 2017 waard der foar it lêst in tsjinst yn 'e Herfoarme tsjerke holden.[4]

Oargel

It oargel fan 'e Eastertsjerke waard yn 1978 boud troch N.D. Slooff & Soan (Ouderkerk aan den IJssel).[5]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.