De Pokrov- of Basiliuskatedraal fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, yn Moskou.

De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.

De eastersk-otterdoksy, dy't ta it eastersk kristendom heart, wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar teologysk feriene yn 'e saneamde Eastersk-Otterdokse Kommuny. De selsbestjoerende (autosefale) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke en de Servysk-Otterdokse Tsjerke), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan 'patriarch' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.

De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de apostels fan Jezus Kristus. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de dogma's dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske konsyljes. De eastersk-otterdokse tsjerken moatte net betize wurde mei de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dy't har al op it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fan 'e memmetsjerke ôfspjalten.

Untstean

As tsjerke-organisaasje los fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke giet de eastersk-otterdoksy werom op it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de paus fan Rome, Leo IX, de patriarch fan Konstantinopel, Michael Caerularius, ekskommunisearre en de patriarch de op syn beurt de paus yn 'e ban die. De oarsaak foar dy brek moat socht wurde yn 'e kulturele ferskillen en teologyske skelen dy't altyd al tusken it Gryksktalige easten en it Latynsktalige westen bestien hiene, mar dy't sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk, yn 476, almar grutter wurden wiene. Dêrnjonken spilen ek de fersteurde politike ferhâldings tusken east en west derby in rol. De paus, as biskop fan Rome, easke it gesach oer de eastlike patriargaten op, wylst de patriarch fan Konstantinopel fan betinken wie dat hysels, as fertsjintwurdiger fan it "Nije Rome" (Konstantinopel), it measte rjocht hie om as spiritueel lieder fan 'e easterske tsjerke te fungearjen. In oar wichtich punt dat it skisma yn 'e hân wurke, wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it Filioque oan 'e leauwensbelidenis; om't dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen wie, woe de easterske tsjerke him net akseptearje en beskôge dy it Filioque as teologysk ynkorrekt (oftewol kettersk).

De eastersk-otterdokse tsjerken

Dit is in list fan 'e erkende eastersk-otterdokse tsjerken yn folchoarder fan senioriteit, mei de autosefale tsjerken ûnder harren gesach ek op folchoarder fan senioriteit. (De Russysk-Otterdokse Tsjerke en de Tsjerke fan Syprus hâlde elk in oare folchoarder fan senioriteit oan, wêryn't sysels in promininter plak ynnimme.)

  • it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel
    • de autonome Finsk-Otterdokse Tsjerke
    • de autonome Estysk-Otterdokse Tsjerke (net erkend troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke)
    • de autosefale (selsbestjoerende) Tsjerke fan Kreta
    • de autosefale Monastyske Mienskip fan 'e Hillige Berch
    • it Patriargale Eksargaat Patmos
    • it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Thyateira en Grut-Brittanje
    • it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Itaalje en Malta
    • it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Amearika
    • it Gryksk-Otterdokse Aartsbisdom Austraalje
    • it Eksargaat fan de Filipinen
    • it Patriargale Eksargaat foar Otterdokse Parochys fan de Russyske Tradysje yn West-Jeropa
  • de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksandrië
  • de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië
    • it autosefale Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika
  • de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim
    • de autonome Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan de Sinaï
  • de Russysk-Otterdokse Tsjerke
    • de autosefale Otterdokse Tsjerke yn Amearika (net erkend troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel)
    • de autonome Japansk-Otterdokse Tsjerke
    • de autonome Otterdokse Tsjerke fan Sina (opheft)
    • de autonome Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (Moskousk Patriargaat)
    • de autosefale Moldavysk-Otterdokse Tsjerke
    • de autosefale Letsk-Otterdokse Tsjerke
    • de autosefale Estysk-Otterdokse Tsjerke fan it Moskouske Patriargaat (net erkend troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel)
    • de autosefale Russysk-Otterdokse Tsjerke om Utens
    • de Wytrussysk-Otterdokse Tsjerke (Moskousk Patriargaat)
  • de Georgysk-Otterdokse Tsjerke
  • de Servysk-Otterdokse Tsjerke
    • it Autonome Aartsbisdom Ohrid
  • de Roemeensk-Otterdokse Tsjerke
    • de autonome Metropolis Bessaraabje (net erkend troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke)
  • de Bulgaarsk-Otterdokse Tsjerke
  • de Tsjerke fan Syprus
  • de Tsjerke fan Grikelân
  • de Poalsk-Otterdokse Tsjerke
  • de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke
  • de Tsjechysk- en Slowaaksk-Otterdokse Tsjerke

De folgjende eastersk-otterdokse tsjerken binne op eigen manneboet oprjochte/ôfspjalte en wurde (noch) net erkend troch de fêstige tsjerken.

  • de Abgazysk-Otterdokse Tsjerke
  • de Bulgaarske Alternative Synoade
  • de Otterdokse Tsjerke yn Itaalje
  • de Kroätysk-Otterdokse Tsjerke (opheft)
  • de Masedoanysk-Otterdokse Tsjerke
  • de Montenegrynsk-Otterdokse Tsjerke
  • de Hillige Otterdokse Tsjerke yn Noard-Amearika
  • de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (Kiëvysk Patriargaat)
  • de Oekraynske Autosefale Otterdokse Tsjerke
  • de Oekraynske Autosefale Otterdokse Kanonike Tsjerke
  • de Russyske Wiere Otterdokse Tsjerke
  • de Turksk-Otterdokse Tsjerke
  • de Wytrussyske Autosefale Otterdokse Tsjerke

Dan binne der noch twa groepen lytsere tsjerkegenoatskippen dy't fanwegen dogmatyske skelen fan 'e fêstige eastersk-otterdokse tsjerken ôfspjalte binne.

De saneamde âldkalindristen binne groepen dy't wegeren om 'e oanpaste Juliaanske Kalinder yn te fieren foar it fêststellen fan 'e hjeldagen. De wichtichste tsjerken út dizze groep binne:

  • de Tsjerke fan Oprjochte Otterdokse Kristenen fan Grikelân (de saneamde mattewiten)
  • de Tsjerke fan Oprjochte Otterdokse Kristenen fan Grikelân (de saneamde floriniten)
  • de Otterdokse Tsjerke fan Grikelân (Hillige Synoade yn Ferset) (de saneamde syprianiten)
  • de Aldkalindryske Roemeensk-Otterdokse Tsjerke
  • de Aldkalindryske Bulgaarsk-Otterdokse Tsjerke
  • de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Amearika

De saneamde âldleauwenden binne groepen dy't yn 'e santjinde iuw wegeren om 'e liturgyske herfoarmings fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke troch te fieren en dy't dêrnei yn Ruslân iuwenlang troch de autoriteiten slim ferfolge binne.

  • de Russysk-Otterdokse Tsjerke fan de Alde Rite
  • de Lipovysk-Otterdokse Tsjerke fan de Alde Rite
  • de Russyske Ald-Otterdokse Tsjerke
  • de Pomoarsk Ald-Otterdokse Tsjerke

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.