De Easterpoartsbrêge is in fêste brêge in Snits, oer de noardrin fan de Stedsgrêft. De brêge ferbynt de Prins Hindrikkaai mei de Ljouwerterdyk.

De Easterpoarte waard om 1490 hinne boud, mei in brêge as tagong ta de stêd. Yn 1842 is de poarte sloopt, mar der is op likernôch itselde stee hieltyd noch in brêge oer de Stedsgrêft. Yn 2010 waard troch de gemeenterie fan Snits besletten de fêste brêge te feroarjen yn in beweechbere brêge, as in step yn it trochfarber meitsjen fan Snits. Fan 2014 oant 2015 is op de brêge lykwols in rotonde oanlein.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.