De Easteriems tusken Borkum en Júst, mei de Kachelotplate en Memmert

De Easteriems (Dútsk: Osterems) is de eastlike ûnderrin fan de rivier de Iems yn de Iemsmûning, op it plak dêr't dy tusken de East-Fryske waadeilannen Júst en Borkum in seis kilometer brede see-earm foarmet om it eilân Memmert hinne. De Iems rint troch de Doalert en spjalt him op de hichte fan de Iemshaven yn de Westeriems en de Easteriems en komt sa yn de Noardsee út.

Fan 1810 oant 1814, yn de Frânske tiid, bestie der in departemint fan de Easteriems (Ems-Oriental).

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.