De earste printinge fan in boek bestiet út eksimplaren dy’t makke binne mei de earste set-up fan de produksje-apparatuer yn de drukkerij. Faaks is de earste printinge fan in boek fan belang by de lettere antikwaryske ferkeap. Benammen de skriften fan bekende skriuwers kinne dan gâns mear jild opsmite as lettere útjeften.[1] Foarbylden binne de literêre skriuwers William Faulkner, Louis Couperus en Hugo Claus, mar ek earste printings fan wittenskiplike en oare boeken kinne in mannichfâld fan de lettere printings wurdich wêze. Dat hinget fan de beskikbere oplage foar de fraach oer ôf. In bekend foarbyld fan ynternasjonaal faak frege boeken is The Origin of Species fan Charles Darwin.[2]

Yn guon gefallen binne der ferskillende edysjes/oplages fan de earste printinge dy’t de seldsumens (en priis) gâns beynfloedzje kinne. Sa ferskynde it earste part fan de roman fan Marcel Proust À la recherche du temps perdu oarspronklik by de útjouwerij fan Bernard Grasset, mar waard dy earste printinge letter oernommen troch de útjouwer fan de oare parten, Gaston Gallimard, en foarsjoen fan in nij omslach en de oantsjutting fan de ‘nije útjouwer’ op de titelside. De priis tusken dy beide edysjes is bot oars.

Earste printings kinne sels lang nei it ferstjerren fan de auteur publisearre wurde, bygelyks omdat ûnbekend wurk opdûkt. Foarbylden dêrfan binne Icarus. Vier nagelaten gedichten, Het potlood in de hand. Vijf gedichten uit de scheepskist van J. Slauerhoff en Chanson violette. Drie gedichten naar Albert Samain fan J. Slauerhoff (1898-1936) dy’t earst 75 jier nei syn ferstjerren yn earste printinge ferskynden.

Yn de edysjewittenskip, dêr ek wol oantsjut as de editio princeps, is de earste printinge faak fan belang omdat it yn in soad gefallen de lêste korrisjearre en autorisearre tekst fan de hân fan de skriuwer is. Yn oare gefallen, lykas bygelyks by it wurk fan Willem Frederik Hermans, is de earste printinge faak krekt net de lêste autorisearre ferzje om’t er oanpassen bleau by opfolgjende edysjes. Yn dat gefal kieze editeurs earder foar de lêst autorisearre edysje, de saneamde ultima manus edysje.[3]

Lúkse edysjes

Fan earste printings ferskine ek wol lúkse, nûmere en/of synjearre edysjes. Fan de hjirfoar neamde útjeften fan J. Slauerhoff waarden hieltyd inkelde eksimplaren nûmere, troch de besoarger of yllustrator synjearre en yn healperkamint bûn.

Yn it Frânsktalich gebiet wurde fan de saneamde édition originale njonken de gewoane edysje op gewoan papier gauris lúksere edysjefarianten op ôfwikende papiersoarten printe, de saneamde edytsje grand papier, dat dy namme hat fan it feit dat, hoewol’t itselde setsel brûkt wurdt, it brûkte papierformaat fan dy edysjes grutter wêze kin (hoewol’t dat net needsaaklik is). Faak wurdt dan noch ûndeskied makke tusken de ferskate lúkse edysjefarianten, oantsjut as premier grande papier, deuxième grand papier, ensafh. In foarbyld dêrfan is Les beaux étés fan Marianne Pierson-Piérard dêr’t trije ferskillende, allegearre nûmere edysjes fan ferskynden; de lúkste edysje hie boppedat noch in ekstra suite mei in yllustraasje. Yn Nederlân wie it benammen de útjouwer A.A.M. Stols (1900-1973) dy’t ek in soad Frânsktalich wurk útjoech en yn Brussel wurke hie, dy’t soksoarte ferskate edysjes makke. In Nederlânsk foarbyld fan in exemplaire grand papier is Een gelukkige dag fan Gabriele Wohmann útt 1990.

As op itselde papier likegoed in lúkse edysje makke wurdt, bygelyks nûmere, lúks bûn of foarsjoen fan ekstra yllustraasjes, dan ha se it yn it Frânsk oer in exemplaire de tête. Dat is de oer it generaal yn it Nederlânsktalich gebiet nei de Twadde Wrâldkriich tapaste útjeftefoarm, as der edysjefarianten binne, lykas de al neamde Slauerhofútjeften.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Allen and Patricia Ahearn, 'Book Collecting' op de webside fan de Antiquarian Booksellers' Association of America. Rieplachte op 10 febrewaris 2015
  2. 'Topprijs voor eerste druk Darwin' yn Trouw, 24 novimber 2009
  3. Sjoch foar de edysjewittenskip en de kar foar al of net de earste printinge as basistekst foar in histoarysk-krityske tekstedysje: Marita Mathijsen, Naar de letter. Handboek editiewetenschap. Assen, 1995, s. 149-170.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.