In earste luitenant is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan earste luitenant by de loftmacht flechtofsier. De oansprektitel fan in earste luitenant is "luitenant". De boppelizzende rang is kaptein, en de ûnderlizzende rang is twadde luitenant. Dêrmei is earste luitenant ien fan 'e middelste subalterne ofsiersrangen.
Skematysk oersjoch
Oersjoch fan 'e earste-luitenantsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
earste luitenant | luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory | earste luitenant of flechtofsier |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-1 | |||||||
earste luitenant luitenant |
luitenant-op-see 2e klasse mynhear/mefrou (by it Korps Mariniers: earste luitenant) |
earste luitenant luitenant |
earste luitenant luitenant |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.