Earste Difyzje | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Namme | Earste Difyzje |
Stifte | 1956 |
Lân | Nederlân |
Tal klubs | 20 |
Promoasje nei | Earedifyzje |
Degradaasje nei | Twadde Difyzje (foar beloften-
alvetallen) |
Titelhâlder | Heracles Almelo (2022/23) |
Webstee | keukenkampioendivisie.nl |
/
De Earste Difyzje is de op ien nei heechste fuotbalkompetysje fan Nederlân. Klups út de kompetysje kinne promovearje nei de Earedifyzje en sûnt koart ek degradearje nei de Topklasse. Yn de betelle kompetysje spylje 18 fuotbalklups út hiel Nederlân en wurdt organisearre troch de KNFB, de Keninklike Nederlânske Fuotbal Bûn.
De kompetysje hjit offisjeel de Keuken Kampioen Difyzje nei de namme fan haadsponsor Keuken Kampioen. Oant 2018 hiet de difyzje de Jupiler League.
Oprjochting
De Earste Difyzje waard tagelyk mei de Earedifyzje en de Twadde Difyzje oprjochte. Doe't it betelle fuotbal yn Nederlân nei it ynfieren fan 1954 in nije foarm hawwe moast. Oarspronklik bestie de Earste Difyzje út twa ôfdielings mei 16 alvetallen. Mar dat feroare yn 1962 doe't de twa ôfdielings tegearre dien waarden en der ien ôfdieling oerbleau mei 18 alvetallen. Fan it seizoen 03/04 ôf hat de kompetysje 19 teams, omdat AGOVV Apeldoorn der by kaam. En letter kaam ek de tweintichste, Almere City FC, derby. Mar mei in reorganisaasje waard it oantal werom brocht nei 18 troch de degradaasje fan TOP Oss en it fallissemint fan HFC Haarlem.
Promoasje
De winner fan de Earste Difyzje promovearret fuort nei de Earedifyzje, fierder nimme acht oare teams út de Earste Difyzje, de perioadekampioen en de heechste klups op de ranglist, diel oan de neikompetysje, op dizze wize moatte sy besykje te promovearjen. Ek de nûmers 16 en 17 fan de Earedifyzje dogge mei. Sy moatte harsels besykje te hânhâlden. De neikompetysje bestiet út trije omgongen, yn de earste omgong spilje mar 4 klups. Dat binne de 4 leechste klups fan de Earste Difyzje. Yn de twadde omgong komme de oare klups derby. De winners dêrfan geane troch nei de tredde omgong dêr't fêststeld wurdt wa't promovearje en degradearje sille.
Dielnimmers yn it seizoen 2023-2024
Namme | Stêd | Stadion |
---|---|---|
FC De Bosk | De Bosk | De Vliert |
SC Cambuur Ljouwert | Ljouwert | Cambuurstadion |
FC Doardt | Doardt | Matchoholic-stadion |
FC Eindhoven | Eindhoven | Jan Louwers-stadion |
FC Emmen | Emmen | De Oude Meerdijk |
BV De Graafschap | Doetinchem | De Fijverberg |
FC Grins | Grins | Euroborg |
ADO De Haach | De Haach | Bingoal-stadion |
Helmond Sport | Helmond | Lavans-stadion |
Jong Ajax | Amsterdam | Sportpark De Toekomst |
Jong AZ | Alkmar | AFAS-stadion AFAS-trainingkompleks |
Jong PSV | Eindhoven | Philips-stadion |
Jong FC Utert | Utert | Stadion Galgenwaard Sportkomleks Zoudenbalch |
MVV Maastricht | Maastricht | De Geusselt |
NAC Breda | Breda | Rat Verlegh-stadion |
Roda JC | Kerkrade | Parkstad Limburg-stadion |
SC Telstar | Felsen | TATA Steel-stadion |
TOP Oss | Oss | Frans Heesen-stadion |
VVV Fenlo | Fenlo | De Koel |
Willem II | Tilburch | Kening Willem II-stadion |