Earmholtehier by in tsiender
Frou mei skearde earmholtes.

De earmholte (Latyn: Axilla) is de holte ûnder de earm. Yn de hûd fan de earmholte sitte lymfeklieren dy't in rol spylje by de ôfwar; teffens hat de hûd op dat plak relatyf in protte switklieren.

Yn de puberteit begjint der hier yn de earmholtes te groeien. In de hierpûdsjes sitte ek de switklieren, dy't benammen warber wurde yn de puberteit. It swit hat net safolle rook. Oksellucht wurdt makke troch hûdbaktearjen, dy't harren yn de earmholtes nei wenjen set hawwe. Faak wurdt in deodorant brûkt om earmholterook tsjin te gean.

Yn it Westen wurdt it moai fûn dat froulju harren earmholtes skeare. Dit skientme-ideaal is earst oan de ein fan de 19e iuw ûntstien. Ein 20e iuw skeare manlju ek wol harren earmholtehier ôf.

Botany

Yn de botany of plantkunde is de earmholte de hoeke dy't troch 2 ferskillende dielen fan in plant foarme wurdt.

Sjoch ek

  • Earmholtehier
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.