It minsklike eachlid by in sletten each.

It eachlid (meartal: eachlidden) is by minsken en in protte soarten bisten in hûdploai dy't de eagen foarsjocht fan befochtiging en se tagelyk beskermet tsjin materiaal fan bûtenôf dat net yn it each thúsheart. In each hat in boppeste eachlid en in ûnderste eachlid. Boppe it boppeste eachlid sit de wynbrau, in streekje hier op it ûnderste diel fan 'e foarholle mei as wichtichste funksje om foar te kommen dat swit fan 'e foarholle yn 'e eagen rint. Beide eachlidden hawwe oan 'e nei inoar ta steande úteinen ek noch in tin streekje hier, de eachteisters, dy't tige taastgefoelich binne ek wer bedoeld binne om it each te beskermjen tsjin smoargens fan bûtenôf.

Boppeste en ûnderste eachlid

It boppeste eachlid (palpebra superior) is folle grutter as it ûnderste eachlid en kin fan boppen ôf oer it each hinne lutsen wurde. Wannear't dat bart, seit men dat it each sletten is. As it boppeste eachlid wer oplutsen wurdt, seit men dat it each iepengiet. It sluten fan 'e eagen bart by wize fan refleks wannear't der in foarwerp op it each ta liket te kommen. Dat is in foarm fan beskerming fan it each. It each slút ek by it knipperjen, dat in pear kear yn 'e minút automatysk giet om it each te befochtigjen. It each kin ek bewust sletten wurde, bgl. om te knypeagjen (in foarm fan non-ferbale kommunikaasje) of by it sliepen. Froulju bringe by it opmeitsjen faak in soarte kosmetika op it boppeste eachlid oan dy't eachskaad hjit.

It ûnderste eachlid (palpebra inferior) is folle lytser en kin yn ferhâlding ta it boppeste eachlid amper beweegd wurde. It sit fuort ûnder it each en kin fan it wang ûnderskaat wurde trochdat it omheech lutsen wurde kin by it each wei.

Estetysk effekt

Behalven in beskermjende en befochtigjende funksje hawwe eachlidden ek in estetysk effekt op it oansjen fan it minsklik antlit. By leden fan it mongoloïde ras yn East-Aazje en Súdeast-Aazje en yn mindere mjitte ek yn Sintraal-Aazje, de Yndyske Arsjipel en de Stille Súdsee binne de eachlidden oars foarme as by blanke en negroïde minsken. De eagen fan sokke lju wurde wol omskreaun as "mangelfoarmich" (nei de mangelnút) of mei in ornaris as rasistysk beskôge oantsjutting as "spjalteagen". De oare foarm wurdt feroarsake troch de saneamde Mongoaleploai of epikantus, dy't de binnenhoeke fan it each omleech lûkt.

De eagen fan in Súdkoreaanske frou foar (l.) en nei (rj.) in eachlidkorreksje om poer estetyske redens.

Neigeraden dat minsken ferâlderje, kinne eachlidden wat slop wurde en begjinne te hingjen, in oandwaning dy't ptoaze hjit. As dat in negatyf effekt hat op it gesichtsfermogen om't it eachweid troch de hingjende eachlidden beheind wurdt, kin men in plastysk sjirurch in eachlidkorreksje útfiere litte, in medyske operaasje wêrby't in diel fan 'e eachlidden ferwidere wurdt. Yn guon lannen, lykas Súd-Koreä, dêr't it skientme-ideaal basearre is op Westerske, blanke froulju, is it yn 'e ienentweintichste iuw net ûngewoan om sûnder medyske reden in eachlidkorreksje útfiere te litten om in rûnere, mear Westerske eachfoarm te krijen.

Trêde eachlid

Guon bisten, lykas haaien, krokkedillen en fûgels, hawwe noch in trêde eachlid (palpebra tertia), in trochsichtich flues dat by wize fan beskerming oer it each hinne lutsen wurde kin, mar dat it gesichtsfermogen net folslein weinimt. It wurdt faak brûkt by aktiviteiten dêr't gjin ekstreem skerp sicht foar nedich is en wêrby't it each maklik skansearre reitsje kin, lykas graven of swimmen of fleanen. By minsken is de plica semulunaris in rudimintêr trêde eachlid. By slangen en gekko's (in groep hagedissen) binne de eachlidden alhiel mei it each fergroeid.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.