Dzjibûty Djibouti | ||
Strjitte yn Dzjibûty | ||
Polityk | ||
Lân | Dzjibûty | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 623.891 (2013) | |
Oerflak | 630 km² | |
Befolkingsticht. | 990 km² | |
Oar | ||
Stifting | 1888 | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Koördinaten | 11° 35' NB, 43° 09' OL |
Dzjibûty (Frânsk en offisjeel: Djibouti; Arabysk: مدينة جيبوتي; Somalysk: Magaalada Jabuuti, Afar: Magaala Gabuuti) is de haadstêd fan Dzjibûty, it lân mei deselde namme, en leit oan de Golf fan Aden. Yn de stêd wenje ûngefear 400.000 minsken.
It is in wichtige havenstêd yn East-Afrika trochdat de haven op in strategysk belangryk punt leit, nammentlik oan de yngong fan de Reade See. Skippen op wei nei it Suezkanaal kinne hjir in tuskenstop meitsje.
Neist de sâltwinning is de haven de wichtichste boarne fan ynkomsten fan it lân.
Skiednis
De stêd waard yn 1888 stiften by de oanlis fan de haven troch de Spanjert Elio Pino yn opdracht fan de Frânsken. Fan 1892 oant 1977 wie Dzjibûty haadstêd fan Frânsk Somalylân.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.