Dykhuzen wie in eardere state of boarch besuden it Damsterdjip, by it doarp Tjamsweer, westlik fan Appingedam. De state is fral bekend wurde omdat er bewenne west hat troch de haadling Fokko Ukena.
Oer de iere skiednis fan Dykhuzen is neat bekend. De boarch wurdt foar it earst neamd as it eigendom fan Hiddeke fan Wijtwerd at hja mei Fokko Ukena boasket. Dat houlik hat begjin 15e iuw west.
Dykhuzen soe yn de striid tusken Fokke en de stêd Grins troch de lêste ynnomd en alhiel ferwoaste wurde. Der wurdt fanút gien dat de state dêrnei opnij opboud is, omdat Fokko Ukena dêr ferstoarn is.
Nei de dea fan Fokko komt de state yn besit fan syn dochters dy't dizze lang om let ferkeapje oan in lid fan de aadlike famylje Ripperda. Lykwols die it bliken dat de state ek foar dizze laach gjin rêstich besit wie want ein 15e iuw wie de state alwer it striidtoaniel tusken Grins en in wichtige Eastfryske haadling, de yntusken ta greve opklommen Edzard Sirksena. Edzard hat Dykhuzen ynnomd, mar de troepen fan Grins hawwe it úteinlik werovere en ta de grûn ôfbrutsen. Yn hoefier de state dêrnei wer opboud is, is net bekend. Yn de 18e iuw hat der noch wel in prosedure west oer de restanten, mar fan letter bewenners is gjin sprake mear west.
Op it plak dêr't de state stien hat is noch in lytst restant fan de eardere grêft oer. De wei by it Damsterdjip lâns hiet noch hieltyd de Dykhuzewei.