Dykhuzen is in buorskip by Gerkeskleaster yn de gemeente Achtkarspelen. De buorskip leit noardwestlik fan Gerkeskleaster, súdeastlik fan Bûtenpost en direkt eastlik fan Lutkepost. De huzen oan de Dykhústerwei falle ûnder Bûtenpost en de bebouwing ûnder Dykhuzen falt ûnder Gerkeskleaster.
Dijkhuizen komt yn 1491 foar as Dickhuesen. In bewenner fan it plak of gebiet waard yn 1454 fermeld as Dycster. Yn 1529 waard de plaknamme Dyckhusen skreau, yn 1664 as Dyckhuysen en fan de 19e iuw ôf Dijkhuizen.
Op 28 maart 2019 waard troch it kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen besletten dat de buorskip in eigen boerd krijt. De plaknamme ferwiist nei it feit dat it in delsetting fan fersprate huzen wie oan de dyk dy't lâns de Alde Ryd oanlein wie. De dyk wie part fan in âlde haadrûte troch de Bûtenposter Mieden tusken Ljouwert en Grins.[1][2]
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
wizigje |