Dwerchmûzen
In nôtmûs.
In nôtmûs.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje:mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
skaai:dwerchmûzen (Micromys)
Dehne, 1841

De dwerchmûzen (wittenskiplike namme: Micromys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai fan lytse múskes dy't net nau besibbe binne oan oare mûseftigen hearre 2 libbene soarten en fierders noch teminsten 10 fossile soarten, wêrfan't de âldsten weromgeane oant it lette Mioseen. De libbene soarten binne de nôtmûs, dy't yn grutte parten fan Jeraazje foarkomt, en de Yndo-Sineeske dwerchmûs út Fjetnam, súdlik Sina en oangrinzgjende dielen fan Súdeast-Aazje.

Soarten

  • skaai dwerchmûzen (Micromys)
    • Yndosineeske dwerchmûs (Micromys erythrotis)
    • Micromys bendai † (Plioseen fan Grikelân)
    • Micromys chalceus † (Mioseen fan Mongoalje)
    • Micromys cingulatus † (Mioseen fan Grikelân)
    • Micromys coronensis † (Plioseen fan Poalen en Pleistoseen fan Roemeenje)
    • Micromys kozaniensis † (Plioseen fan Grikelân)
    • Micromys liui † (Pleistoseen fan Súd-Sina)
    • Micromys paricioi † (Plioseen fan Spanje)
    • Micromys praeminutus † (Plioseen fan Jeropa)
    • Micromys steffensi † (Plioseen fan Grikelân)
    • Micromys tedfordi † (Plioseen fan Súd-Sina)
    • nôtmûs of reidmûs, hjouwermûs, dwerchmûs (Micromys minutus)

In trettjinde soarte, Micromys caesaris, út it lette Mioseen fan Spanje, is noch net wittenskiplik beskreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.