Durk VI

Durk VI (1114 - 5 augustus 1157) wie greve fan Greefskip Hollân en Seelân fan 1122 ôf. Troch syn houlik makke er oanspraak op it Greefskip Mid-Fryslân.

Houlik en bern

Om 1125 hinne troude hy mei Sofia fan Rheineck, de pakesizzer fan Hindrik de Fette, dy't yn 1101 greve fan Mid-Fryslân wie. Sofia oerlibbe har man mei mear as 19 jier. Se ferstoar yn 1176 wylst se op beafeart wie yn Jeruzalim.

Tegearre krigen se njoggen bern.

  • Geertruid
  • Petronilla
  • Hadewych dy't non waard
  • Floaris dy’t letter syn heit opfolgje soe as Floaris III,
  • Otto dy’t as Otto IV greve fan Bentheim waard
  • Boudewyn dy’t biskop waard
  • Durk dy’t ek biskop waard
  • Sofia dy’t abdisse fan de Rynsburch waard
  • Peregrinus dy’t al jong (12 jier) ferstoar

Durk hie ek in bûtenechtlik bern, mei de namme Robert.

It regintskip fan Petronilla

Doe't syn heit Floaris II yn 1222 ferstoar wie Durk VI noch te jong om it bestjoer op him te nimmen. Dêrom naam syn mem Petronilla fan Saksen dizze taken op har. Yn 1123 holp Petronilla har healbroer hartoch Lotharius yn syn striid tsjin keizer Hindrik V. Neidat Lotarius yn 1125 sels kening waard fan it Hillige Roomske Ryk foege hy it Rynlân en Leien by Hollân. Yn 1133 stifte Petronilla de abdij fan Rynsburch. Se hie gjin fertrouwen yn de frijwat ambysjeleaze Durk, dêrom rekte Petronilla har regintskip sadat har soan Floaris de Swarte it greefskip oernimme koe.

Floaris de Swarte

Floaris de Swarte hie wol ambysjes. Hy kaam iepenlik yn opstân tsjin syn broer en waard fan 1129 oant 1132 ek as greve fan Hollân yn oarkondes neamd. Sels de kening fan Dútslân Lotaris en biskop Andrys fan Utert erkenden Floaris as de rjochtmjittige greve fan Hollân. Yn maart 1131 waard Durk VI lykwols wer offisjeel Greve fan Hollân neamd en lykje de bruorren gjin spul mear te hawwen. Mar sa'n seis moanne letter stienen de bruorren alwer tsjinoer inoar, dit neidat de opstannige West Friezen Floaris de hearskippij oer hiel West- Fryslân oanbean hienen. Floaris fûn dit prachtich en akseptearre soks mar al te graach, ek Kinmerlân sleat him by de opstân oan. In jier letter, yn augustus 1132, kaam de Roomske kening Lotarius tuskenbeide en waarde de bruorrestriid wer bylein. Dit hie lykwols mar in bytsje ynfloed op it ferset fan de Friezen. Yn 1133 waard Floaris de Swarte flakby Utert fermoarde troch Herman en Godfryd fan Kuyk. Lotarius liet as straf it kastiel fan Herman en Godfried platsmite en se waarden bannelingen.

De beafeart fan Durk

Yn 1138 ûndernaam Durk VI tegearre mei syn frou in pylgrimstocht nei Jeruzalim. By dizze tocht waard harren soan Peregrinus (Pylgrim) berne. Op de weromreis besocht Durk Paus Ynnosentsius II, en droech de abdij fan Egmond en it troch syn mem stiften Abdij fan Rynsburch oan him op.

De boarch fan Leien

De boarch fan Leien

Yn de tiid fan greve Durk VI waard de houten boarch fan Leien ferfong troch in stiennen boarch. De boarch stie op in motte en bestie út in rûne muorre mei dêryn in donjon. Fan dizze boarch út soenen de greven fan Hollân tenei it gebiet bestjoere.

De Echternachse kwestje

Yn 1156 loste Durk VI de slepende kwestje fan de Echternachse tsjerken op. Om 923 hinne hie Durk I yn Egmond in abdij stiften. Dizze abdij fan Egmond krige de tsjerklike rjochten oer it gebiet, ynstee fan de troch Willibrordus stifte Abdij fan Echternach. De abdij fan Echternach besocht ferskeidene kearen om it ferlerne gebiet werom te krijen. Dit hie ta gefolgen dat yn 1063 de biskop Willem I fan Utert de tsjerken yn it gebiet ferdielde oer de beide abdijen. De abdij fan Egmond woe fan dizze ferdielen neat witte. Durk VI loste it skeel op troch de abdij fan Echternach, yn ruil foar de gebieten, lân op skowen en de ynkomsten fan de grutte tsjerke fan Flaardingen te skinken. De abt fan Egmond wie net botte bliid mei de oplossing. Hy die Durk VI en syn soan Floaris dan ek yn de tsjerklike ban. Dizze ban is wierskynlik de oarsaak dat Durk VI net yn Egmond mar yn de Abdij fan Rynsburch te hôf brocht is.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.