Troch fjoer oantaast stik Duraluminium fan it loftskip Hindenburg (DLZ129)
Korroazje fan duraluminium

Duraluminium (ek bekend as duralum, duralium of dural) is in hannelsnamme fan ien fan de earste legearingen fan aluminium.

Begjin 20e iuw waard it ûntwikkele troch de Dútske metallurch Alfred Wilm. Dy ûndersocht aluminium yn it Sintraal ûndersykslaboratoarium yn Neubabelsberch fan 1901 ôf en ûntduts yn 1906 dat aluminium wêr't 4 prosint koper by dien waard hurder en sterker waard at dy legearing in pear dagen op keamertemperatuer bewarre waard. Voor in legearing waaraan ek magnesium tafoege wie krige Wilm yn 1909 in patint. Dat nije materiaal waard duraluminium neamd. De namme is wilens ferâldere, mar wurdt noch wol brûkt yn de populêre wittenskip.

Gearstalling fan de legearing

Duraluminium is opboud út de eleminten aluminium, koper, mangaan en magnesium. In moderne fariant, AA2024 hieten, bestiet út 4% koper, 1% magnesium, 0,6% mangaan, 0,9% glês en 93,5% aluminium yn gewichtsprosinten. In fierdere ûntjouwing fan dural is alclad; dat is duraluminium mei in laach suver aluminium der oerhinne om de legearing better te beskermjen tsjin ruskjen.

Gebrûk

Duraluminium waard ynearsten brûkt foar it skelet fan zeppelins. Letter is it fral tapast yn de fleantúchbou en foar de bou fan motorfytsframes. Alclad wurdt ek hjoed de dei noch brûkt troch fleantúchbouwers.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.