Dùn | |
---|---|
Basis-ynformaasje | |
Namme | Dùn of Dun |
Lân | Skotlân |
Eilannegroep | Sint-Kilda-arsjipel |
Lokaasje | Atlantyske Oseaan |
Ynwenners | 0 |
Oerflak | 0.77 km² |
Dùn of Dun is ien fan de eilannen fan Sint-Kilda, súdeast fan it haadeilân Hiort (as Hirta). Troch de lizzing fan Dùn leit de Village Bay fan Hirta by de oerhearksjende súdweste wyn yn de leite.
Dùn sie yn it ferline fêst oan Hiort, mar is troch eroazje fan dat eilân losrekke. Der leit no in 'seestrjitte' tusken beide eilannen, Caolas an Dùin, fan mar inkelde tsientallen meter breed. Dùn is ferlike mei de oare Sint-Kildaanske eilannen leech; it heechste punt is 178 m. It is in langhalich eilân, dat fan noardwest nei súdeast krapoan twa kilometer mjit. Besuden Dùn leit de rots Hamalan. Dun hat de grutste koloanje mallemokken (fulmars) fan Grut-Brittanje. Teffens briede dêr seepappegaaien. It eilân hat relatyf in soad fegetaasje meidat er gjin Soayskiep binne.
Hiel Sint-Kilda, dat ek Dùn, wurdt beheard troch de National Trust for Scotland en is erkend as Wrâlderfgoed.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dun fan Wikimedia Commons. |