Dubius Avitus wie in Romeinske generaal. Hy wie om-ende-by 55 n.Kr. praefectus fan Gallia en Germania Inferior.

Skiednis

Doe't de Friezen yn 54 fan doel wienen harren wengebieten oer de Ryn nei it suden út te wreidzjen, drige de bestjoerder fan Germania Inferior Dubius Avitus mei militêr geweld. Der hat in petear west mei de Fryske foaroanmannen Ferritus en Maloriks dêr't hy harren advies joech nei Rome te gean en de keizer tastimming te freegjen foar oare wenplakken.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.