Drouwen
Doarpsicht Drouwen
Doarpsicht Drouwen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Borger-Odoorn
Sifers
Ynwennertal565 (1 jannewaris 2021[1]
Oerflak73 km²
Befolkingsticht.7,7 /km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 57' 8" NB, 6° 47' 47" EL
Hunebêd by Drouwen
Hunebêd by Drouwen
Kaart
Drouwen (Drinte)
Drouwen

Drouwen is in iesdoarp op de Hûnsrich yn de gemeente Borger-Odoorn yn Drinte.

Lizzing

Oant 1998 hearde Drouwen by de doetiidske gemeente Borger, dy't doe opgie yn de gemeente Borger-Odoorn. It doarp leit tusken Borger (suden) en Gasselte (noarden). Bewesten leit it bosk Drouwenerveld mei brântoer, heidereservaat en de dobben Smitsveen, Meeuwenveen, Watermolenveen, Lunsveen en Meindersveen. Benoarden Drouwen leit it Drouwenersân, dêr't de eastlike helte fan in grutte heideflakte mei sânferstowing is; de westlike in boskgebiet mei kafee-restaurant en bungalowpark. Fjild en sân yn it gebiet om it doarp hinne lûke in soad toeristen oan.

Skiednis

Yn 1381-83 waard sprutsen fan Druwen in den kerspel to Borgheren. De namme betsjut: op of by de druw (ikker- of boulân; druwen = bebouwe). Ek boarnen út 1463 en 1482 neame Druwen, ien út 1609 jout Drouwen. Besibbe mei de manljusnamme Drouwe, Druwe en Dru wurdt nei alle gedachten net as werkikheid achte.

De hunebêden D 19 en 20 wienen de earste dy't mei moderne archeologyske techniken ûndersocht waarden yn 1912 ûnder lieding fan J.H. Holwerda. Drouwen wie ien fan de njoggen marke- en feangenoaten betreffende it Konvenant fan 1817 mei de stêd Grins oer de turfôffier oer it Stadskanaal. Yn de Drouwenerfeanen begûn de ôffier yn 1822. Yn de tiid fan de ôfskieding skate Drouwen him tsjerklik ôf fan Borger. It wie eartiids in tige earm doarp: De moezen ligt er dood veur de spinde (breakast) en die er nog bint, die staot bokkie um 't katoen oet de laamp te vreten... Skelnammen foar de ynwenners: Bontrokken, Poepen, Dikbillen, Steenkloppers, Stoetkonten en Mikken.

Berne yn Drouwen

  • Jan Krol (1962-2023), rekke ferneamd as de jonge Bartje út de telefyzjesearje mei deselde namme út de jierren santich, waard hjir berne en wenne by syn âldelju op de pleats.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drouwen fan Wikimedia Commons.
Borger-Odoorn
Doarpen:
BorgerBronneger • Buinen • Buinerveen • Drouwen • Drouwenermond • Drouwenerveen • 1e Eksloëermond • Ekslo • Ees • Eesergroen • Eeserveen • Ellertshaar • Eksloërfean • EksloKlijndijkNieuw-Buinen • Odoorn • Odoornerveen • 2e Eksloërmond • 2e Valthermond • Valthe • Valthermond • Westdorp • Zandberg
Buorskippen:
Boermastreek • Eksloëerkyl • Kavelingen • Valtherblokken • Valthermussel • Zeelandstreekje
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.