It Drintsk Plato (Nederlânsk: Drents Plateau) is in gebiet dat foar it grutste part yn Drinte leit. Utrinders dêrfan lizze yn Grinslân en de provinsje Fryslân. It gebiet leit rûchwei tusken de plakken Coevorden, Grins, Stienwyk en Emmen.
De foarlêste iistiid hat in laach balstienliem nei it gebiet brocht. Oer it balstienliem hinne leit in laach sân út de lêste iistiid en lokaal fean. Der binne net safolle grutte hichteferskillen yn it gebiet. Sawat it hiele plato leit tusken de 10 en 20 meter boppe NAP. De hichten en delten yn 't gea binne yn de foarlêste iistiid ûntstien troch it skowen fan iis oer lân. Op ferskate plakken makke it iis hichten oer in lange rjochte ôfstân. In dúdlik foarbyld dêrfan is de Hûnsrich yn it noardeasten fan Drinte. It iis koe op ferskillende plakken de grûn foarút stowe. Dêrtroch ûntstienen stowâlen lykas de Havelterberch. Nei de foarlêste iistiid ûntstienen yn de delten fan it gea lytse wetterstreamen. Doe't it gebiet hieltyd mear bebuorke waard koe it sân opstowe sadat der stodunen ûntstienen.
- It frij flakke plato: Dwingelderfjild
- Hûnsrich, it Molenveld yn Eksloo
- Oerbleaun heechfean: it Bargerfean
- De Drentsche Aa by Schipborg