De Driezumer Mar is in mar yn de gemeente Dantumadiel. De mar leit tusken Driezum en de Strobosser Trekfeart. De Driezumer Feart rint fan de mar nei it súdliker lizzende Driezum.
De Driezumer Mar is sa'n 20 ha. grut, dêr't sa'n 30 persint fan wetter is en it oare part sompich gerslân. Foarm en grutte fan de mar binne yn de rin fan de tiid feroare. It gebiet is eigendom fan Steatsboskbehear. Der binne altyd in soad fûgels.
De namme Driezumer Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Driesumer meer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.