It Dreieck Bunde (folút: Autobahndreieck Bunde, koart: AB Bunde) is in ferkearsknooppunt yn it súdwesten fan East-Fryslân dy't de Bundesautobahn 31 fan Emden nei Oberhausen mei de Bundesautobahn 280 fan Bunde nei de Nederlânske grins by Bad Nijeskâns ferbynt. De A280 wurdt oer de grins de Rykswei 7 rjochting Grins.
Lizzing
It knooppunt leit yn de gemeenten Bunde en Weener yn de lânkring Lier. Tichteby lizzende doarpen binne Tichelwarf, Holthusen en Möhlenwarf op it gebiet fan Weener, en de haadkearn Bunde op it gebiet fan de gemeente Bunde. It knooppunt leit 15 km súdwestlik fan Lier, 55 km noardlik fan Meppen en likernôch 50 km eastlik fan Grins.
It knooppunt waard boud yn de foarm fan in trompetknooppunt.
Rydstripen
De gongwegen by it knooppunt hawwe 2×2 rydstripen, wylst de ferbiningsbôgen op it knooppunt ien rydstripe befetsje.
Ferkearsyntinsiteit
It knooppunt wurdt deistich troch likernôch 25.000 reauwen brûkt.
Fan | Nei | Trochsneed tal reauwen | Oandiel swier ferkear |
---|---|---|---|
AS Weener (A 31) | AD Bunde | 20.500 | 12,8 % |
AD Bunde | AS Papenburg (A 31) | 16.500 | % | 9,6
AS Bunde-West (A 280) | AD Bunde | 9.800 | 18,2 % |
Oanslutende diken | ||||
---|---|---|---|---|
nei Weener, Lier Emden, Aldenburch, Bremen |
||||
nei Bunde, Bad Nijeskâns Grins |
||||
nei Papenburch, Meppen, Oberhausen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |