Drammen | ||
Drammen fan de eastkant wei sjoen | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Viken | |
Gemeente | Drammen | |
Sifers | ||
Oerflak | 137,51 km2 | |
dêrfan lân | 134,65 km2 | |
dêrfan wetter | 2,86 km2 | |
Ynwennertal | 101.859 (2013) | |
Befolkingstichtens | 742 inw./km | |
Oar | ||
Stifting | 1811 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Drammen is in stêd en gemeente yn de provinsje Viken yn Noarwegen. De gemeente hie yn 2021 64.055 ynwenners, de omjouwing fan Drammen wurd al 6.000 jier lang bewenne. Tsjûgen hjirfan bestean yn de foarm fan rotstekeningen. Permanente bewenning is sûnt de 14e iuw. De geunstige lizzing oan 'e mûning fan 'e Drammen makke de stêd ta in ideale haven foar houtútfier. De gemeente Drammen waard mei yngong fan 1 jannewaris 2020 útwreide mei de eardere gemeenten Nedre Eiker en Svelvik.
Plakken yn de gemeente
- Drammen
- Jordbrekkskogen
- Konnerud
- Pukerud
- Skoger
- Stubberud
- Tangen
Geografy
Topografy
Drammen leit yn in fallei oan de mûning fan de rivier Drammen dy't útkomt yn de Drammen Fjord. Nei de ein fan de lêste iistiid krige de Drammendelling syn hjoeddeiske foarm.
Geology
It grutste part fan de grûn yn de gemeente Drammen bestiet út earm read granyt, ek wol Drammengranyt neamd. Dêrneist is der yn de gemeente in soad grûn fan fulkanyske stien en kalkstien te finen.
Klimaat
Drammen hat in kâld en fochtich, mar myld klimaat mei waarme simmers.
Natoer en Miljeu
De rivier de Drammen hat jierrenlang slim fersmoarge west troch swiere yndustry by de rivier lâns dy't sa har ôffalwetter op de rivier losten. Sûnt de jierren 90 is de rivier wer skjin en wurdt der salm fongen yn de rivier.
Der binne in oantal grutte parken yn de stêd en strannen oan de Drammen rivier. Oan de súd- en oan de eastkant fan Drammen binne grutte bosk- en marregebieten te finen.
Beskerme Gebieten
Yn de gemeente Drammen binne fjouwer beskerme natoergebieten (2007).
- Austad naturminne (1964) - 20 hektare natoer
- Solum store naturminne (1964)
- Skalstad naturminne (1967)
- Rismyr naturreservat (1986) - 47 hektare natoer
Berne yn Drammen
- Johan Halvorsen (1864), komponist en dirigint
- Triztán Vindtorn (1942-2009), Noarsk surrealistysk- en avant-gardedichter
- Sten Stensen (1947), reedrider
- Johann Olav Koss (1968), reedrider
Galery
- Drammensfjord
- Bragernes tsjerke
- Strømsø tsjerke
- Drammens teater
- Drammens museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|