De Dr. Boumaweg is in strjitte yn Snits, dy't fan de oerdyk by de Parkstrjitte nei it stasjon rint.
Namme
De strjitte hiet oarspronklik de Stationswei, mar doe bliken die dat dat betizing opsmiet mei de Stasjonsstrjitte is de namme yn 1943 feroare. De strjitte waard doe neamd nei Gerben Nammens Bouma, dy't it inisjatyf naam hie foar it Sint Anthonius Sikehûs oan de Stasjonswei.
Ferbinings
De strjitte rint fan de Parkstrjitte nei it plein foar it stasjon, dêr't er oanslút op de Kanaalstrjitte, de Stasjonsstrjitte en it Julianapark. Underweis komt der oan de súdkant earst de Sofiastrjitte op út en dan de Willemstrjitte. Oan de nooardkant rint it spoar fan Ljouwert nei Starum. Oan de strjitte leit ek de griene romte fan it Julianapark.
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.