Drûchnoazigen
In mantelbaviaan (Papio hamadryas)
In mantelbaviaan (Papio hamadryas)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:primaten (Primates)
ûnderskift:drûchnoazigen (Haplorhini)
Pocock, 1918

Drûchnoazigen (wittenskiplike namme: Haplorhini), ek wol drûchnoasapen of apen en spûkdieren neamd, binne in ûnderskift fan de primaten (Primates). Dat ûnderskift wurdt foarme troch it tuskenskift fan de apen en de famylje fan de spûkdieren. Wat de drûchnoazigen ûnderskiedt fan de healapen of wietnoazigen, it iennichste oare ûnderskift fan 'e primaten, is net inkeld in drûge noas, mar dat by drûchnoazigen it primêre sintúch it gesichtsfermogen is. Dit is wêrom't hja de beide eagen oan de foarkant fan de plasse hawwe, dat hja djipte sjen kinne.

It kin wêze dat dit it skaaimerk is dat makke hat dat de drûchnoazigen in gruttere yntelliginsje ûntwikkele hawwe as healapen. In oar skaaimerk fan drûchnoazigen is dat hja gjin fitamine C oanmeitsje kinne. Dit is de grûn wêrom't drûchnoazigen net herbivoaren binne: om de fitamine C binne de apen omnivoaren, en de spûkdieren karnivoaren.

Skiednis

It ûnderskift fan 'e drûchnoazigen waard yn de rin fan de 20e iuw foar it earst ynsteld, doe't by benammen spûkdieren út undersyk bliken die dat hja neier besibbe wienen oan de apen as oan de healapen. Oarspronklik waarden hja nammentlik as in útsûnderlike groep fan de healapen beskôge. Yn âldere literatuer is dit soms noch werom te finen.

Klassifikaasje

  • skift primaten (Primates)
    • ûnderskift drûchnoazigen, drûchnoasapen of apen en spûkdieren (Haplorhini)
      • tuskenskift spûkdiereftigen (Tarsiiformes)
      • tuskenskift apen (Simiiformes)
        • lytsskift breednoasapen of apen fan de Nije Wrâld (Platyrrhini)
          • famylje grypsturtapen (Atelidae)
          • famylje kapusynapen (Cebidae)
          • famylje klau-apen (Callitrichidae)
          • famylje nachtapen, ûle-apen of doerûkûlys (Aotidae)
          • famylje saky-eftigen (Pitheciidae)
        • lytsskift smelnoasapen (Catarrhini)
          • boppefamylje apen fan de Alde Wrâld (Cercopithecoidea)
            • famylje sturtapen (Cercopithecidae)
          • boppefamylje minskapen (Hominoidea)
            • famylje lytse minskapen of gibbons (Hylobatidae)
            • famylje grutte minskapen, minskeftigen of hominiden (Hominidae)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.