In downblouse-ynkyk.

Downblouse (Ingelsk foar "by de blûze yn") is in foarm fan foyeurisme wêrby't men in frou by har klean (net spesifyk in blûze) yn besiket te sjen om har dekolletee of boarsten gewaar te wurden. Soks kin de foarm oannimme fan it meitsjen fan foto's, sûnder dat dêr tastimming foar jûn is, fan 'e ynkyk by de boppeklean fan froulju yn.

Dizze praktyk wurdt ek wol beskôge as in soarte fan seksueel fetsjisme, en is ferlykber mei upskirt, wêrby't men froulju fan ûnderen by de rok of jurk op besiket te sjen. Troch technologyske ûntwikkelings as kameratillefoans kin in foto tsjintwurdich al gau makke wurde sûnder dat oaren it trochhawwe, en fia spesjalisearre websiden op it ynternet kin sok fotografysk materiaal no frijwol daliks mei de rest fan 'e wrâld dield wurde. Yn Dútslân en ferskate Amerikaanske en Australyske steaten binne tsjin it meitsjen en dielen fan ûnautorisearre downblouse-foto's wetten oannommen, mei't dy praktyk beskôge wurdt as in ynfaazje fan 'e privacy fan 'e oangeande frou en as in oanfal op har weardichheid. Yn Nederlân is soks (noch) net strafber, mar wurdt it wol beskôge as ûnfoechsum gedrach.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.