Douwe Kalma | ||
skriuwer | ||
Douwe Kalma yn 'e jierren '30. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Douwe Kalma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 april 1896 | |
berteplak | Boksum (Fryslân) | |
stoarn | 18 oktober 1953 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | poëzij, toaniel, oersettings | |
perioade | 1e helte & midden 20e iuw | |
streaming | Jongfryske Beweging | |
bekendste wurk(en) | Kening Aldgillis Shakespeare's Wurk (fert.) | |
prizen | Harmen Sytstra-priis 1943 | |
jierren aktyf | 1915 – 1956 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Douwe Kalma (Boksum, 3 april 1896 - Ljouwert, 18 oktober 1953) wie in Frysk skriuwer, dichter en oersetter. Hy wie ek in bekend lid fan de ultrarjochtse partij de FFP, in partij ûntstien út it Frysk Fassisten Front (FFF), dat in skoftke oansletten west hat by de NSB. Hy wie de soan fan 'e boer Petrus Douwes Kalma en dy syn frou Sytske Schukking. Hy ferlear syn heit al yn 1907, en wenne neitiid mei syn mem efterinoar yn Boksum, Wurdum, Dearsum en Raerd. Hy wie in skoft lang lieder fan 'e Jongfryske Beweging en syn ynbring hat fan grutte ynfloed west op de ûntwikkeling fan de Fryske literatuer. Yn 1943 waard oan him de Harmen Sytstra-priis takend, dy't troch it nasjonaal-sosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynsteld wie. Hy stjoerde de priis lykwols werom, omdat er der bewust fan waard dat dy him nei de oarloch net yn tank ôfnommen wurde soe. Syn libben is ien fan 'e histoaryske ûnderwerpen dy't beljochte wurde yn 'e Kanon fan Fryslân.
Eftergrûn
Kalma hie fan syn achttjinde libbensjier ôf al dúdlik foar eagen hoe't Fryslân him posysjonearje moatte soe yn de wrâld. Kalma stribbe nei in ientalich Frysk Fryslân binnen Europa. Yn de earste helt fan de njoggentjinde iuw waard yn Fryslân in nasjonalistyske beweging opset, dy't him fral rjochte soe op it gebrûk fan de eigen taal, it Frysk. Ynearsten naam de hege boargerij dêryn it inisjatyf, mar yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw waarden sjoernalisten, ûnderwizers en it ambachtsfolk út de lytse boargerij dy't de inisjatyfnimmers wiene. Hja organisearren har yn it Frysk Selskip (1844).
Foar harren wie literatuer it middel om it Frysk te konservearjen. Tagelyk makke hja gebrûk fan harren macht, troch gewoane Friezen - it folk - ferskate boargerlike deugden by te bringen, wêrûnder iver, reedlikens en dissipline. Harren liederskip wurdt dan ek wol oantsjutten as folksskriuwerij. Tsjin dy streaming sette Kalma him ôf.
Hy besocht de ferkalke Fryske beweging te herfoarmjen en die dat op ferskate wizen, begjinnend troch oare literêre idealen te uterjen. Op it Snitser gymnasium, dêr't er fan 1908 oant 1914 nei skoalle gie, krige er troch de lessen fan Pieter Sipma in grutte leafde foar de Tachtigers. Ynspirearre troch ûnder oare dy Tachtigers, begûn er gedichten te skriuwen dêr't er syn eigen gefoelslibben yn ta útdrukking brocht. Syn favorite foarm wie it klassike sonnet.
Nei syn eineksamen begûn Kalma mei teology te studearjen yn Grins, mar trochdat er tefolle mei it Frysk dwaande wie, moast er nei in jier de stúdzje wer ôfbrekke. Hy gie dêrnei yn militêre tsjinst en hâlde him in stikmannich jierren allinne mar dwaande mei literatuer. Fan 1927 oant 1931 studearre er yn Grins Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er fan 1931 oant 1942 learaar Ingelsk yn Eindhoven.
Underwilens waard Kalma in ynspirearjend idoal. Yn in lyts skoftke tiid wist er grutte groepen jongerein oan him te binen, yn it troch him oprjochte Jongfryske Mienskip (1915). De Fryske beweging waard dêrmei in jongereinbeweging dêr't ek foar froulju in rol yn weilein wie, wat oars alhiel yn oerienstimming is mei de groei fan de jongereinkultuer yn de rest fan de wrâld.
Tekenjend foar de groep wie harren oriïntaasje. Under it motto ‘Fryslân en de wrâld’ sette Kalma Fryslân del as ûnderdiel fan in Noardseekultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ferfolje moatte tusken de besibbe Ingelske en de Skandinavyske kultueren. Yn dizze tiid organisearre de Jongfryske Mienskip alle jierren simmerkampen, dy’t op in waadeilân hâlden waarden. Dat wie in nij fenomeen foar dy tiid. Op dy kampen liezen de Jongfriezen allerhanne heechsteande ynternasjonale literatuer. Dêr spilen hja ek toanielstikken dy’t Kalma skreaun hie – gauris keningsdrama’s – en songen lieten dy’t spesjaal foar de gelegenheid skreaun wiene.
Kalma, dy’t frijwat maklik spul krige, wie better yn it betinken fan plannen as yn it trochsetten en foltôgjen derfan. Dochs is de list mei inisjativen dy't er, mei syn Jongfryske Mienskip, iepentearde, lang. Hy wie bygelyks de earste persoan dy't in offisjeel Frysktalich literêr tydskrift opsette: Frisia (1917). As mei-oprjochter fan de Afûk (Algemiene Fryske Underwiiskommisje, op dit stuit fêstige yn Ljouwert) en as skriuwer fan boeken en tydskriften oer taalbefoardering en taalsuveringsboekjes, holp er de Fryske skriuwtaal fierder út te bouwen. Hy besocht de Fryske taal mear yn it leger ûnderwiis en heger ûnderwiis te ferwurkjen. Ek skreau er de earste Frysktalige dissertaasje (1938),[1] dy't oer de dichter Gysbert Japiks gie. Fierders sette er it hiele oeuvre fan Shakespeare yn it Frysk oer en skreau as earste in Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie. Kalma makke ek oersettings fan it wurk fan Percy Bysshe Shelley: Adonéïs (1916), Alastor (1918, mei Rinke Tolman), letter soe ek noch in stik fan Molière folgje: In Fijân fan Minsken (1930). Teffens skreau er eigen toanielstikken, lykas Kening Finn (1937) en De Pearel (1938).
Al dy inisjativen, ek troch oaren fier droegen, wiene foar it súkses fan de Fryske taal en literatuer tige wichtich. Foar al dy ynspannings stiet oer dat de idele Kalma út polityk perspektyf wei in swalker en in rûzjemakker wie. Syn anty-Hollânske sentiminten waarden troch in mannichien stipe en oernommen, en joegen sa in rjochting oan de Fryske beweging. Uteinlik late dat ta in oarloch. Kalma sleat him yn it ynterbellum hieltyd wer by oare partijen oan, om úteinlik yn 1940, te einigjen by de faksistyske Fryske Folkspartij en mei te dwaan oan it wurk fan Stichting Saxo-Frisia. Teffens wie Kalma ien fan de leden fan in Fryske Ried dy't fanwege dy stifting oprjochte waard. Nei de oarloch waard er as kollaborateur suvere. [2][3][4][5][6]
Douwe Kalma ferstoar yn 1953 by in auto-ûngemak. Nei syn dea waard ta syn oantins de Douwe Kalma Stifting oprjochte.
Wurk
In kar út syn wurk:
Eigen wurk
- 1915: De Jongfryske biweging
- 1916: Fryslân en de Wrâld
- 1918: Ut Stiltme en Stoarm (sonnetten)
- 1920: Kening Aldgillis (toaniel)
- 1921: Noarderljocht (toaniel)
- 1922: Jongfryske Sangen
- 1927: Dage: Fersen I
- 1935: Skiednis fen Fryslân (3e printinge 1965)
- 1936: Sangen: Fersen II
- 1938: Gysbert Japiks: In Stúdzje yn Dichterskip (proefskrift)
- 1944: De Lytse Mienskip: Fersen fen Oantinken (2e printinge 1954)
- 1949-1952: Keningen fan Fryslân (toaniel)
- 1952: Fokke Hoara (toaniel)
- 1996: Samle fersen
Oersettings
- 1916: Shelley's Adonéïs (nei Percy Bysshe Shelley)
- 1918: Shelley's Alastor (mei Rinke Tolman, nei Percy Bysshe Shelley)
- 1930: In Fijân fan Minsken (nei Molière)
- 1932: Macbeth (nei William Shakespeare; werútjûn yn 1969 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk)
- 1944: Sonnetten fan Shakespeare (nei William Shakespeare; werútjûn yn 1976 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk en nochris yn 2005)
- 1949: In Midsimmernachtdream (nei William Shakespeare; werútjûn yn 1959 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk)
- 1956-1976: Shakespeare's Wurk, Dl. I-VIII (nei William Shakespeare)
- 1956: Diel I: Komeedzjes
- 1956: In Komeedzje Fol Fersinnen (werútjûn yn 2007)
- 1956: Leafde's Lêst Net Leanne (werútjûn yn 2007)
- 1956: De Twa Eallju fan Verona (werútjûn yn 2007)
- 1959: Diel II: Komeedzjes
- 1959: De Fekke Nuet
- 1959: De Keapman fan Feneesje
- 1959: In Midsimmernachtdream (earder apart útjûn yn 1949)
- 1962: Diel III: Komeedzjes
- 1962: Ein Goed, Alles Goed
- 1962: De Fleurige Wyfkes
- 1962: Folle Spul om Neat
- 1962: Lyk om Lyk
- 1962: Nei Jim Beleavjen
- 1962: Trijekeningejûn
- 1963: Diel IV: Lette Komeedzjes en Keningsstikken
- 1963: Hindrik VI, Diel 1
- 1963: Hindrik VI, Diel 2
- 1963: Hindrik VI, Diel 3
- 1963: Richard III
- 1963: De Stoarm
- 1963: It Winterjûnsteltsje
- 1965: Diel V: Keningsstikken
- 1965: Hindrik IV, Diel 1
- 1965: Hindrik IV, Diel 2
- 1965: Hindrik V
- 1965: Hindrik VIII
- 1965: Kening Jan
- 1965: Richard II
- 1966: Diel VI: Trageedzjes
- 1966: Hamlet
- 1966: Julius Caesar
- 1966: Romeo en Julia
- 1966: Titus Androanikus
- 1966: Troilus en Kressida
- 1969: Diel VII: Trageedzjes
- 1969: Antonius en Kleopatra
- 1969: Kening Lear (werútjûn yn 2003)
- 1969: Macbeth (earder apart útjûn yn 1932)
- 1969: Otello
- 1969: Timon fan Atene
- 1976: Diel VIII: Trageedzjes, Ien Komeedzje en Poëzij
- 1976: De Feniks en de Toartel
- 1976: Fenus en Adoanis
- 1976: De Klaachsang fan in Minneresse
- 1976: Koriolanus
- 1976: Perikles, Prins fan Tyrus
- 1976: De Rôf fan Lukresia
- 1976: Symbelinus
- 1976: Sonnetten (earder apart útjûn yn 1944; werútjûn yn 2005)
- 1956: Diel I: Komeedzjes
- 2003: Kening Lear (nei William Shakespeare)
- 2005: Sonnetten (nei William Shakespeare)
- 2007: Trije Komeedzjes: In Komeedzje Fol Fersinnen / Leafde's Lêst Net Leanne / De Twa Eallju fan Verona (nei William Shakespeare)
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|