Douwe Egberts (De Jouwer, 10 jannewaris 1755 – dêre, 19 febrewaris 1806)[1] wie de soan fan Egbert Douwes en Akke Thijsses, de stifters fan it hjoeddeiske Douwe Egberts. Douwe Egberts waard meubelmakker, mar yn 1780 draaide de winkel fan syn heit sa goed dat hy opnomd waard yn de saak. Yn 1788 begûn er foar himsels, mar wie mear gruthanneler yn koloniale waren as winkelman. Hy hannele yn it suden fan Fryslân yn de kop fan Oerisel en yn Drinte. Under syn lieding wreide it bedriuw út fan in lokaal nei in regionaal bedriuw. Nei alle gedachten is dat ek de reden dat it bedriuw bekend rekke is as Douwe Egberts en net as Egbert Douwes.[2] Tusken 23 maaie 1783 en 27 augustus 1784 waard mei elkoar mear as 17.500 pûnkofje ferkocht, hast 1500 pûn tee en mear as 250 pûn tabak en snúftabak. Fierders mear as 6.000 pûn kandij, hast 2.000 pûn sûker en mear as 7.000 pûn sjerp. Douwe Egberts hie sitting yn it gerjocht fan de gritenij.Douwe Egberts soe twa kear trouwe. Yn 1775 troude hy mei Ymke Jacobs Visser en krige mei ar trije bern. Yn 1780 komt it bedriuw fan syn heit en mem yn hannen fan Douwe.
Nei de dea fan syn earste frou wertroude Douwe mei Lysbeth Mintjes Pot. Mei har krige hy noch trije soannen en trije dochters. Douwe ferstoar yn 1806 mei 51 jier ûnferwachts oan in 'Zenuw Zinkens Koorts van acht Dagen'. Lysbeh sette it bedriuw noch 29 jier troch ûnder de namme Firma fan Widdo Douwe Egberts. De gruthannel waard nei har ferstjerren (29 juny 1835) fuortset troch har fjouwer soannen. Uteinlik naam har soan Hessel (1802-1855) it bedriuw oer. Lysbeth Mintjes hie yn de tiid fan Napoleon foar harsels de efternamme Pot keazen mar keas om 1811 foar har húshâlding de namme De Jong. [3] Hessel Douwes krige sadwaande de namme Hessel Douwes de Jong.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|